Seis doarpen bringe earste skiednis yn kaart

septimber 30, 2018 08:42

It Pypke yn Hallum – foto: Jonathan Andrew

Mei in sympoasium yn Warffum op 4 oktober en yn Hallum op 6 oktober wurdt it projekt ‘Terpen- en wierdenland, een verhaal in ontwikkeling’ ôfrûne. Fjouwer jier hawwe lânskipshistorisy en archeologen fan de Ryksuniversiteit Grins mei bewenners de skiednis fan trije Grinzer wierdedoarpen en trije Fryske terpdoarpen yn kaart brocht. De resultaten binne op ferskillende wizen sichtber makke foar bewenners en besikers. Dêrneist wurde de gegevens brûkt om te foar te kommen dat bygelyks nije diken of wenten yn de takomst in histoarysk weardefolle struktuer te neate dogge.

Terpen en wierden binne identiteitsbeskiedende eleminten yn it Frysk-Grinzer waadgebiet. Se meitsje de rike histoarje fan it gebiet sichtber. Net allinnich de wenhichten sels, mar ek it omlizzende lânskip fertelt it ferhaal fan de striid tsjin it wetter fan it Waad en de bewenning fan dat ea sa rûge en ûnmeilydsume, mar ek tige fruchtbere lân. In soad fan dy skiednis is yn ’e rin fan de tiid útwiske. Foaral sûnt de ein fan 19de, begjin 20ste iuw giene in soad spoaren ferlern. Terpen en wierden waarden ôfgroeven en ferkavelingsstruktueren waarden wei troch bebouwing, skaalfergrutting yn de lânbou en nije (spoar)wegen.

Unike ferhalen
Mei dy ûntwikkelingen drige in bysûnder kultuerlânskip te ferdwinen. It projekt ‘Terpen- en wierdenland, een verhaal in ontwikkeling’ is bedoeld om dat in ho ta te roppen. Mei it yn kaart bringen fan de skiednis fan seis doarpen is sjen litten dat elke terp en wierde neist de mienskiplike skiednis ek in eigen unyk ferhaal te fertellen hat. In ferhaal dat de muoite wurdich is om te behâlden en sichtber te meitsjen.

Dêr hat elk dorp op syn eigen wize ynfolling oan jûn. Godlinze hat in app ûntwikkele dêr’t besikers har firtueel mei op it grêffjild by it doarp wane kinne yn de tiid dat de bekende Grinzer terpûndersiker Van Giffen dêr opgravingen die. Winaam krige in terptoer mei in reliëfmakette dy’t de skiednis sjen lit. Yn ferskillende doarpen binne stekjes delset; bankjes makke troch byldend keunstners mei in ferwizing nei de histoarje.

Godlinze – foto Aerophoto Eelde

Kennis diele
Op it sympoasium wurde de doarpsferhalen dield. Yn Warffum fertelle de ûndersikers fan it Terpesintrum en fan it kennissintrum Landschap wat it projekt oan kennis oer het gebiet opsmiten hat. Yn Hallum presintearje de doarpen sels harren ferhaal en fertelt projektlieder Karin Sjoukes fan Landschapsbeheer Groningen wat de resultaten binne fan fjouwer jier ûndersykjen en ûntwikkeljen. Op it programma dêre stiet ek in ferhalerûte troch it âlde sintrum fan it doarp ûnder lieding fan gidsen dy’t sjen litte hoe’t it doarp him fan syn ûntstean as terpdoarp ôf yn de iere midsiuwen ûntjûn hat.

Boekpresintaasje
Nei ôfrin fan de feestlike ôfsluting yn Hallum jout Erik Betten in sinjearsesje. Betten, bekend as skriuwer en sjoernalist, hat it ferhaal dat yn it projekt ûntwikkele is, yn opdracht fan de projektpartner optekene. It ryk yllustrearre boek Terpen en Wierdenland lêst as in reisgids troch de skiednis. It boek wurdt yn Hallum presintearre en kin dêr kocht wurde. Nei 6 oktober is it te krijen fia de boekhannel en Utjouwerij Noordboek.

Oer it projekt
Yn it projekt ‘Terpen- en wierdenland, een verhaal in ontwikkeling’ wurdt mei-inoar gearwurke troch it Terpencentrum en it Kenniscentrum Landschap van de Rijksuniversiteit Groningen, Lânskisbehear Fryslân, Landschapsbeheer Groningen en Museum Wierdenland. Foar it sympoasium en it opleveringsfeest wurkje de projektpartners gear mei de Waadakademy. It projekt is mooglik makke troch it Waadfûns, de provinsjes Fryslân en Grinslân en de gemeenten De Marne, Eemsmond en Delfsyl.

septimber 30, 2018 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*