Salafisten yn Nederlân gefaar foar demokrasy

septimber 14, 2018 14:04

Foto: Morguefile

Salafistyske moskeeën en harren besikers binne net trou oan de demokratyske regels yn Nederlân. Hja wolle dat de islamityske wet sjaria yn Nederlân ynfierd wurdt en binne foarstanner fan swiere straffen lykas stienniging foar bygelyks oerhoer. De foargongers sizze tsjin de besikers dat se derfoar soargje moatte dat se net ûnder it bewâld fan Joaden of kristenen komme moatte.

Dat docht bliken út ûndersyk fan sosjolooch Mohammed Soroush. Hy hat trije jier lang in grut tal salafistyske moskeeën yn Nederlân besocht. Dêrby die er him sels foar as salafist. Neffens Soroush is dat de iennichste manier om te efterheljen hoe’t salafisten wier tinke, om’t hja sjoernalisten en ûndersikers dy’t fragen stelle almeast sosjaal winsklike antwurden jouwe.

Ta de moskeeën dy’t Soroush undercover besocht hat, hearre As Soennah yn Tilburch, Al Fourqaan yn Eindhoven, As Soennah yn De Haach en Al Amal yn Hilversum.

Der binne yn Nederlân sa’n tritichtûzen salafistyske moslims. Soroush is net de earste dy’t harren as in gefaar beskôget. De nasjonaal koördinator terrorismebestriding beskôget de salafistyske moskeeën as in boarne fan terrorisme en sjocht der in gefaar yn dat salafistyske mienskippen oare moskeeën en islamityske sintrums finansjeel stypje en dêrmei ynfloed keapje.

Mohammed Soroush is dizze wike yn Nimwegen promovearre op in proefskrift oer syn ûndersyk. It hat as titel Institutionele reproductie van salafistische jongeren in Nederland. Klik hjir om it te besjen.

septimber 14, 2018 14:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.