Rûnlieding by Tryater op Iepen Monumintedei

septimber 4, 2018 09:23

It gebou fan Tryater oan de Eastersingel yn Ljouwert (foto: Tryater)

Yn it wykein fan 8 en 9 septimber 2018 binne yn it ramt fan Iepen Monumintedei mear as fjouwertûzen prachtige monuminten yn it hiele lân fergees tagonklik. It is dé kâns om gebouwen dy’t oars foar publyk sletten binne, fan binnen te besjen.

Yn Ljouwert is it tema ‘Skoalgebouwen yn Ljouwert’. Dy binne allinne op sneon 8 septimber fan 10.00 – 17.00 oere iepen. Ien fan de skoallen dy’t te besjen binne is de eardere Fiverskoalle oan de Eastersingel 70, in gebou mei in rike skiednis. Dat wurdt no ‘bewenne’ troch Tryater. Meiwurkers fan Tryater en âld-learlingen fersoargje de rûnliedingen.

Sintraal ynformaasjepunt en fergeze rûtekaart foar de Iepen Monumintedei yn Ljouwert: De Bres (Skoalstrjitte 4) en Histoarysk Sintrum Ljouwert (Grienewei 1).

Foar oare plakken is https://www.openmonumentendag.nl te rieplachtsjen. Op de lânkaart ‘Zoek monumenten en activiteiten’ binne plakken oan te klikken en yn te foljen om listen fan iepen monuminten besjen te kinnen.

septimber 4, 2018 09:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.