Provinsjaal taalbelied op de goede wei

septimber 7, 2018 15:46

Nettsjinsteande de grutte maatskiplike ûntjouwingen, is de posysje fan de Fryske taal stabyl bleaun. Dat docht bliken út it ûndersyk Taal yn Fryslân, útfierd troch de Fryske Akademy. It Frysk hat, mei te tankjen oan it provinsjaal taalbelied, syn plak yn de formele domeinen ferovere. It mear en better brûken fan it Frysk is no de ferfolchstap.

De ûndersikers dogge dêr in tal oanbefellings foar oan de Provinsje.

Taalkado
De ûndersikers advisearje de Provinsje om troch te gean mei de foarljochting oan âlden oer Frysk en meartaligens. Alden krije by de oanjefte fan in bern op it gemeentehûs fan de Provinsje in Taalkado. De ynformaasje en it materiaal yn it Taalkado helpt de âlden by de kar foar in meartalige opfieding.

Frysk skriuwen
It Frysk skriuwen hat troch de sosjale media in grutter plak krige yn it deistich libben fan de Friezen. Mar Friezen jouwe wol oan dat se graach better Frysk skriuwen leard hiehne. It feit dat se dat no net goed kinne, smyt in drompel op. Dat pleitet foar in fersterking fan it Frysk skriuwen yn it ûnderwiis en de Fryske taalhelpmiddels, lykas www.taalweb.frl.

Taalskipper
It Frysk is op it plattelân fanâlds sterker as yn ’e stêden. Dat docht ek bliken út dit ûndersyk. Troch de resinte gemeentlike weryndielingen wurde gemeenten lykwols hieltyd faker bestjoerd út de stêden wei. It is fan belang dat der dan ek each is foar it Frysk. De Provinsje spilet der as Taalskipper in rol yn om gemeenten dêrop te wizen en te helpen by it formulearjen fan gemeentlik taalbelied.

Foarbyldrol
Dat it Frysk yn offisjele fermiddens brûkt wurde kin, bliuwt fan belang om de offisjele status fan it Frysk te befêstigjen. De Provinsje en oare oerheden hawwe dêr in foarbyldrol by. Bygelyks as it giet om de sichtberens fan it Frysk op websiden, yn advertinsjes en yn de iepenbiere romte en gebouwen. It gebrûk fan twataligens nûget Frysktaligen út om sels it Frysk ek te brûken en te skriuwen.

Lân fan taal
De Provinsje wol op basis fan de resultaten fan it taalûndersyk in ekstra ympuls jaan oan it taalbelied. Lân fan taal hat dêr as grut programma-ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân 2018 in sintrale rol yn. Meartalichheid wurdt dêryn foar it fuotljocht brocht mei festiviteiten, keunst, wittenskip en edukaasje, wêrby’t it Frysk sintraal stiet. It is in gearwurking tusken ferskate partijen, dy’t ek nei 2018 mei-inoar Fryslân yn ynternasjonaal ferbân as meartalige regio op ’e kaart sette wolle.

Lange termyn
De rapportaazje Taal yn Fryslân, de folgjende generaasje jout in byld fan de ûntwikkeling fan it Frysk op lange termyn. De rapportaazje is in ferfolch op eardere ûndersiken nei de Fryske taal yn 1969, 1984 en 1995. De provinsjale taalatlassen út 2007, 2011 en 2015 binne ek yn it ûndersyk meinommen.

septimber 7, 2018 15:46
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Abe septimber 8, 11:19

    De provinsje lokwinsket himsels mei it eigen taalbelied. Hilarysk. En sa’n parseberjocht komt dan ien op ien op ItNijs. Minder hiilarysk.

  2. Snarf septimber 10, 17:31

    It is mei in protte kwalen sa dat it deselde tiid freget om wer te reparearje nei de steat dat der noch gjin sprake wie fan in kwaal. Sa is it ek mei it Frysk. Yn 40-50 jier is der aloan in delgong west fan it Frysk. Dus freget it sa’n 40-50 jier om it wer op it nivo fan doetiids te krijen. Dat betsjut dat it aktyf hâlden fan it Frysk fan de bern komme moat. Datoangeande is de provinsje op `e goeie wei Abe.

  3. Abe septimber 10, 20:17

    Wy moatte ús sels net foar de gek hâlde… It Frysk ûnderwiis is de slútpost fan alle skoallen. Wat heechnedich is, dat is dat behearsking fan it Frysk in eask wurdt om hjir maatskiplik oan de dyk timmerje te kinnen. Salang’t dat net sa is, ha de skoalkoepels der net folle boadskip oan. Der is altyd wol wat dat ,,belangriker” is: Nederlânsk, rekkenjen, gimmestyk. Risseltaat: de Fryske ramp fan hjoed de dei. En wat werklik ferûntrêstigjend is: alle bestjoerders witte wol dat inkeld in behearskingsneedsaak helpe kin, mar krekt dêr lûke de measten in streek yn it sân. En de Fryske Beweging, Snarf, soe krekt dêr folle mear omtinken foar hawwe moatte. Dus asjebleaft net mear tankewol sizze tsjin in provinsje dy’t manipulearre sifers presintearret as wie ‘t it safolste wrâldwûnder, dat is allegear mar sân yn ‘e eagen struierij. Dus asjebleaft net mear sokke parseberjochtjes mar gedachteleas derop sette – mar krityske minsken útnoegje en in poadium jaan. Dát kin ItNijs.frl hielendal sels beslute gelokkich.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.