Proef mei pratende auto’s foar bettere trochstreaming

septimber 10, 2018 08:49

Auto’s dy’t mei-inoar en mei stopljochten kommunisearje om de trochstreaming yn it ferkear te ferbetterjen. It is in proef dy’t no yn de provinsje Noard-Hollân útfierd wurdt tusken it normale ferkear.

Foto: Wikipedia/Michiel1972 (M.M. Minderhoud) – lisinsje CC BY-SA 3.0)

‘Smart mobility’ wurdt it neamd. De auto’s kommunisearje mei-inoar oer de ûnderlinge ôfstân en faasje. As de earste auto remmet, wit de lêste auto yn in fraksje fan in sekonde dat der remme wurdt en dan remmet eins de hiele rige tagelyk. Om Skiphol hinne is in tal ferkearsljochten útrist mei spesjale software. Dy soarget derfoar dat de auto’s yn ’e file kommunisearje mei sa’n ferkearsljocht.

De ferkearsfeiligens stiet foar de provinsje Noard-Hollân foarop. De testresultaten wurde ein novimber ferwachte.

septimber 10, 2018 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.