Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân stipet 32 kultuer- en natuerprojekten

septimber 30, 2018 07:25

It Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân hat yn de tredde fan de jierlikse fjouwer omlopen oan 32 kultuer- en natuerprojekten yn Fryslân € 54.254 takend. Trije foarbylden:

Stichting it Poppenspe(e)lmuseum kriget in bydrage fan € 3.500 foar it edukaasjeprojekt ‘Ik bin net blyn, mar myn eagen binne blyn’. De bydrage, levere út it Kijlstra Smidfûns, is bedoeld foar in audioboek mei ôfbyldingen fan tradisjonele en karakteristike poppeteaterfigueren dy’t te fielen binne.

De Stichting SeaBlue kriget in bydrage fan € 2.000 foar it projekt mei deselde namme. Yn it Natuermuseum it Amelân wurdt mei gasten en skoalklassen in keunstynstallaasje boud. In ûnderwetterwrâld dy’t yn ’e rin fan it projekt aloan mear fersmoarge wurdt.

In bydrage fan € 500 is takend oan de Stichting It Tsiispakhûs yn Wommels foar it restaurearjen fan in tegeltablo ôfkomstich fan en oanbean troch Vreugdenhil Dairy Foods.

It Prins Bernhard Kultuerfûns is besiele pleiter fan kultuer, natuer en wittenskip yn Nederlân en dêrbûten. Mei finansjele bydragen, opdrachten, prizen en beurzen wurde bysûndere  inisjativen en talint stimulearre. As ynspirator fan hjoeddeisk mesenaat jout it fûns oan partikuliren, stichtingen en bedriuwen ûnôfhinklik en saakkundich advys oer filantropy. It Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân is ien fan de tolve provinsjale ôfdielingen. It stiet ûnder foarsitterskip fan  Kommissaris fan de Kening A.A.M. Brok.

 

septimber 30, 2018 07:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.