Primeur foar gemeenteried Kollumerlân c.a.

septimber 16, 2018 15:32

Foto wikipedia.org

De gemeenteried fan Kollumerlân c.a. hat de primeur. Dy hâldt syn gearkomsten al yn de nije riedsseal fan Noardeast-Fryslân. De riedsseal fan Kollumerlân  is oanpast om mei yngong fan 1 jannewaris 2019 foarearst plak te bieden oan 29 riedsleden fan de nije gemeente Noardeast-Fryslan. Yn de âlde riedsseal wie plak foar 15 riedsleden. De riedsseal is grutter wurden en der is in opstelling yn dûbele rigen makke.

De audio/fideo-ynstallaasje is ek fernijd, sadat de riedsgearkomsten fan jannewaris 2019 ôf goed te folgjen binne fia it telefyzjekanaal fan RTV NOF en fia it webstee. Fierder is ek rekken holden mei in oare wize fan debattearjen. Yn de nije riedsseal hat net mear elk riedslid syn/har eigen mikrofoan, mar der binne fjouwer sprekstuollen delset. Der is keazen foar de riedsseal fan Kollumerlân c.a. om’t dy seal de minste oanpassingen nedich hie.

De nije gemeenteried sil fan 1 jannewaris 2019 ôf foarearst gearkomme yn it gemeentehûs fan Kollum. De riedsgearkomsten binne op de tongersdeitejûn. It kolleezje fan B&W fan Noardeast-Fryslân komt yn Dokkum gear omdat Dokkum oanwiisd is as bestjoerlik sintrum.

septimber 16, 2018 15:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.