Plysje komt terroristyske oanslach tefoaren

septimber 27, 2018 20:19

De Nederlânske plysje hat hjoed in grutte oanslach foarkommen. Dat hat minister fan justysje Ferdinand Grapperhaus buorkundich makke. Sân manlju binne arrestearre wurden.

Antyterrorismeploegen fan ‘e plysje hawwe tongersdei yn Arnhim en Weert ynfallen dien. Trije ynwenners fan Arnhim, twa fan Rotterdam, ien fan Huissen en ien fan Flaardingen binne oppakt. Hja hienen sjitark by har. De lieder fan de groep is neffens de plysje in 34-jierrige Irakees dy’t yn Arnhim wennet. Hy en twa oare arrestanten wiene earder feroardiele foar it stypjen fan terreurbeweging IS.

By de terreuraksje dy’t yn Nederlân plend wie, woene de manlju masinegewearen en in autobom brûke. Neffens Grapperhaus wiene hja hast klear mei de tariedings.

It drigingsnivo foar terrorisme is yn Nederlân op it stuit 4. Dat is op ien nei it heechste nivo. Neffens de minister is dat realistysk. It hâldt yn dat de kâns op in oanslach grut bliuwt.

septimber 27, 2018 20:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.