Plysje betrapet spûkriders by wurksumheden Coentunnel

septimber 2, 2018 09:27

De plysje hat op de A8 by Zaandam yn ’e nacht fan sneon op snein njoggen spûkriders beboete. Hja besochten in lange file te ûntwiken dy’t troch wurksumheden by de Coentunnel ûntstien wie.

Foto: morguefile.com

De automobilisten rieden de A8 op fia de ôfslach Zaandam-Súd, mar giene werom doe’t se de file foar de tunnel seagen. Dat waard sjoen troch oaren, dy’t de plysje skillen, berjochtet NH Nieuws.

De plysje fong de spûkriders op yn in fûke en slingere se op ’e bon. Dêrnei waard de oprit ôfset. Sneon waarden op de A13 ek spûkriders beboete. Op in fideo wie te sjen hoe’t se omdraaiden by in file op de A13. Yn july barde dat twa kear op de A2.

septimber 2, 2018 09:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.