Paadfiners brânmerke

septimber 27, 2018 17:06

In lieder fan ‘e paadfinerij yn Goes soe trije bern in brânmerk op ‘e rêch jûn hawwe. As part fan in ûntgriening soe er de bern, fan tusken de tolve en fjirtjin jier, ferline jier op in kamp de letters FN yn it fleis baarnd hawwe, in ôfkoarting fan de namme fan de paadfinersôfdieling Frans Naerebout.

De trije bern rûnen troch de aksje slimme ferwûnings op. De groeden binne noch hieltiten te sjen. De bern krigen nei it brânmerkjen gjin medyske help.

Tsjin de fertochte is in selstraf fan fjouwer moanne sûnder betingsten en fan trije moanne op betingsten easke.

septimber 27, 2018 17:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*