Orkaan Florence swakket ôf, mar bliuwt gefaarlik

septimber 13, 2018 10:27

De orkaan Florence is yn krêft ôfnaam. De stoarm, dy’t ôfkoerst op de eastkust fan de Feriene Steaten, is ôfswakke nei in orkaan fan de twadde kategory. Woansdei hie Florence noch orkaankrêft 4.

Foto: pixabay.com

It Nasjonaal Orkaansintrum, dat de stoarm earst as “in ekstreem gefaarlike orkaan” typearre, warskôget dat it gefaar noch net foarby is. Men moat noch rekken hâlde mei maksimum wynfaasjes fan 175 kilometer yn ’e oere. De ferwachting is dat de stoarm oan ’e ein fan ’e middei (Nederlânske tiid) de kust berikt. De fûle reinfal dy’t de orkaan meibringt kin flinke skea feroarsaakje. It gebiet by de kust is tige kwetsber foar oerstreamings. It leit relatyf leech en de lêste jierren is oan ’e kust in protte boud. Der wurdt rekken mei holden dat it 24 oant 36 oeren slim spûkje sil.

Goed 1,7 miljoen minsken yn Virginia, North en South Carolina binne ûnderwilens oproppen om harren hûs te ferlitten.

septimber 13, 2018 10:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.