Orka Morgan befallen op Tenerife

septimber 23, 2018 09:24

De orka Morgan is yn in seepark op Tenerife befallen fan in kealtsje. Mem en jong meitsje it goed, berjochtet Loro Parque, se swimme al tegearre troch it bassin.

Foto: pixabay.com

Morgan waard yn juny 2010 swier ûnderfuorre yn de Waadsee oantroffen. It slagge eksperts fan it Dolfinarium yn Hurderwyk om har te rêden, mar doe bruts der in fûl debat út oer de takomst fan it bist. Der ûntstie in Orka Koälysje dy’t easke om Morgan frij te litten, mar in groep wittenskippers konkludearre dat dat net mooglik wie.

Om’t de famylje fan Morgan net weromfûn wurde koe, de de rjochter úteinlik de útspraak dat Morgan it bêste opfongen wurde koe yn Loro Parque. Dêr waard it bist yn novimber 2011 hinne ferhuze. It waard dêr opnommen yn in groep fan seis soartgenoaten. It swier wêzen fan Morgan wie spannend foar it seepark, om’t Morgan gehoarútfal hat. De fersoargers wisten net oft dat ta problemen liede soe by de befalling. Uteinlik wie dat net it gefal.

It is noch net bekend oft it jong in mantsje of in wyfke is.

septimber 23, 2018 09:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.