Oftraap kampanje ynsammeljen medisynresten yn Fryslân

septimber 24, 2018 07:16

Op syn minst 140 tûzen kilo medisynresten komme jierliks yn Nederlân yn it oerflaktewetter telâne. Dy wetter kinne de wetterkwaliteit beynfloedzje en it ekologysk wettersysteem fersteure. Wetterskip Fryslân, Vitens, Omrin, GGD, MCL en de Fryske gemeenten roppe mei de nije kampanje MediSchoon ynwenners op om harren ferantwurdlikheid foar it ferwurkjen fan medisynresten te nimmen. Se kinne harren medisynresten fergees by de apoteken of by de miljeustrjitte yn de gemeente ynleverje. De kampanje fan MediSchoon begjint op 27 septimber yn it Antonius Sikehûs yn Snits.

Mienskiplik probleem
Medisynresten yn it wetter is in probleem dêr’t de soarch-, wetter- en ôffalsektor allegear by belutsen binne. “Dêrom moatte we derfoar soargje dat medisinen en bestridingsmiddels net ûnnedich yn sleatten, marren en kanalen bedarje”, seit Egbert Berenst, lid fan it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân. “Dat wolle we ûnder mear dwaan troch it ynsammeljen fan medisynôffal fan ynwenners sa goed mooglik te organisearjen.”

MediSchoon
Alle organisaasjes kinne deroan bydrage om it probleem fan medisynresten yn wetter op te lossen. Lanlik hat it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat foar de kommende jierren in útfieringsprogramma ‘keatoanpak: medisynresten út wetter’ fêststeld. MediSchoon is dêr de Fryske wjergader fan. Dêr wurkje Wetterskip Fryslân, Vitens, provinsje Fryslân, de gemeente Ljouwert, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân, ôffalferwurkers en organisaasjes yn de wetter- en soarchsektor yn mei-inoar gear om it wetter skjin te hâlden en hiel Fryslân frij fan medisynôffal te meitsjen.

No en yn de takomst suver drinkwetter
It drinkwetter yn Nederlân is feilich en hat in hege kwaliteit. “Troch goede drinkwettersuveringstechniken is yn Frysk drinkwetter (noch) gjin spoar fan medisynresten fûn. Yn de rest fan Nederlân is dat wol it gefal”, seit drinkwetterbedriuw Vitens. Mar om dy kwaliteit yn de takomst ek garandearje te kinnen en de priis yn ‘e hân te hâlden, is no aksje fereaske. It op de juste wize ynleverjen fan medisynresten is dêr essinsjeel by. Dat kin op twa manieren: by de apoteek of as lyts gemysk ôffal by de miljeustrjitte fan de gemeente.

Wa’t der mear fan witte en/of oan meidwaan wol, kin terjochte op www.medischoon.frl

septimber 24, 2018 07:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.