NPO Radio 2 op Skylge yn kollektewike fan KWF

septimber 1, 2018 10:36

De Brandaris op Skylge (foto: Wikipedia/Boboko skylge – lisinsje CC BY-SA 3.0)

NPO Radio 2 stipet fan 3 o/m 7 septimber de kollektewike fan KWF Kankerbestriding mei de NPO Radio 2 Kollektewike. De publike radiostjoerder freget dj’s en harkers om harren grinzen te ferlizzen en útsûnderlike prestaasjes te ferrjochtsjen foar KWF.

Underdiel fan dy wike is de Radio 2 Kollektebus, dêr’t de dj’s Frank van ’t Hof en Wouter van der Goes mei troch it lân ride mei de útdaging om by safolle mooglik húshâldingen te kollektearjen. Harren stribjen is om by fiiftûzen foardoaren oan te skiljen yn gemeenten dêr’t KWF harren help tige goed brûke kin. Tiisdei 4 septimber binne Frank en Wouter op Skylge.

Sjoch op nporadio2.nl/collecteweek foar mear ynformaasje.

septimber 1, 2018 10:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*