Nije skriuwers presintearje chapbooks by Wintertuinfestival

septimber 22, 2018 09:13

Nikki Dekker (foto: Roel Siebrand)

Op freedtejûn 24 novimber is der in gloednije edysje fan de Jûn fan de grutte beloften yn Nimwegen. De namme ferriedt it al: dy jûns jout it Wintertuinfestival poadium oan de meast ûnthjittende skriuwers fan dit stuit. Twa chapbooks wurde yn Teater C as unike opfierings presintearre: de novelle Mogelijke eigenschappen fan Corinne Heyrman en een voorwerp dat nog leeft, in samling essees en gedichten fan Nikki Dekker.

Yn harren wurk ûndersykje skriuwers Nikki Dekker en Corinne Heyrman de ferhalen dy’t we oer ússels fertelle, sawol oan de wrâld as oan ússels. De iene haadpersoan ûndernimt in syktocht nei de identiteit fan har heit, de oare freget har ôf wat it betsjut om in minske te wêzen yn in maatskippij, dêr’t de wikselwurking tusken it persoanlike en it algemiene sintraal yn stiet.

Corinne Heyrman (foto: Gaby Jongenelen Fotografie)

Chapbooks fan De Nieuwe Oost | Wintertuin
In chapbook is te ferlykjen mei wat in EP foar in muzikant is: in profesjoneel besitekaartsje dêr’t it kinnen fan de auteur mei toand wurdt. It meitsjen fan in chapbook is in wichtige stap yn de ûntwikkeltrajekten fan De Nieuwe Oost | Wintertuin. Dy biedt jonge, talintfolle makkers in folslein platfoarm: fan trening en redaksjonele begeliedding by it ta stân kommen fan nij wurk oant optredens by eveneminten en noch folle mear.

De Jûn fan de grutte beloften is ûnderdiel fan it Wintertuinfestival mei dit jier as tema: ‘Wat hearre wy as wy harkje?’. Dy jûns sille ek trije Europeeske skriuwer-oersetterduo’s fan it projekt Connecting Emerging Literary Artists (CELA) harsels en harren wurk op it poadium presintearje. De kaartferkeap set útein op 1 oktober fia www.wintertuinfestival.nl.

septimber 22, 2018 09:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.