Nij-Seelânske premier nimt poppe mei nei gearkomste Feriene Naasjes

septimber 25, 2018 09:31

Dit jier is der wol in hiel jonge dielnimmer oanwêzich by de algemiene gearkomste fan de Feriene Naasjes yn New York. De Nij-Seelânske premier Jacinda Ardern hat har poppe meinaam.

Foto: pixabay.com

Ardern befoel ein juny fan dochter Neve Te Aroha en om’t hja de poppe oan it boarst hat, moat dy ticht by har mem bliuwe. Dêrom besleaten Ardern en har partner Clarke Gayford, dy’t de poppe fersoarget, om de no trije moanne âlde poppe mei te nimmen nei de gearkomste yn New York. Dêr krige se sels in eigen tagongspas.

Ardern (38) is de jongste premier dy’t Nij-Seelân ea hân hat en de earste dy’t ûnder har premierskip mei kreamferlof gie. Hja wurdt beskôge as in symboal foar emansipaasje. Wrâldwiid is se de twadde frou dy’t in bern krige ûnder har premierskip. Yn 1990 gie de Pakistaanske premier Benazir Bhutto har foar.

Om yn New York te kommen reizge it pear mei poppe Neve de heale wrâld oer. Gayford sei foar de grap yn in tweet dat Neve har deawurge âlden wekker holden hie oant 03.45 oere fan ’e moarn “sûnder ek mar rekken te hâlden mei feroarjende tiidsônes.”

Hjoed wiene Ardern, Gayford en Neve oanwêzich op in gearkomste foarôfgeand oan de algemiene gearkomste en tongersdei sprekt de Nij-Seelânske premier de 130 oanwêzige lieders op de gearkomste ta. “Ik ha gelok dat ik safolle stipe krij út myn netwurk. Dêrom haw ik de mooglikheid om myn bern mei te nimmen nei myn wurk ta. Der binne net folle banen dêr’t dat by kin”, sei Ardern.

septimber 25, 2018 09:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.