Naturalis en oare musea wolle ôfbaarnd Braziliaansk museum helpe

septimber 6, 2018 09:07

De tolve grutste natuerhistoaryske musea op ’e wrâld, wêrûnder Naturalis yn Leien, hawwe yn in ferklearring witte litten dat se solidêr binne mei it Nasjonaal Museum fan Brazilië yn Rio de Janeiro. It wichtichste museum fan it lân waard ôfrûne wykein foar it grutste part troch brân ferrinnewearre.

Naturalis yn Leien (foto: Wikipedia/thedogg – lisinsje CC BY-SA 2.0)

Neist Naturalis hawwe musea út ûnder oare de Feriene Steaten, Frankryk, Denemarken, Grut-Brittannië en België de stipeferklearring ûndertekene. De direkteuren skriuwe dat se it barren net weromdraaie kinne, mar dat se troch de brân nochris beseffe hoe wichtich natuerhistoaryske musea binne om it libben op ierde te dokumintearjen.

De musea sizze mei klam dat se trochgean har yn te setten om harren kolleksjes en kennis oan de hiele wrâld beskikber te stellen en te behâlden foar de takomst, en dat se klearstean om de lieding fan it troffen museum yn Brazilië de kommende tiid by te stean.

septimber 6, 2018 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.