Natuermuseum Fryslân iepenet ‘OnderWaterSafari’

septimber 17, 2018 19:28

eigen ôfbylding fan it Natuermuseum Fryslân

Nei in ferbouwing fan sawat twa jier yn Natuermuseum Fryslân is it safier: fan 22 septimber ôf is de ‘OnderWaterSafari’ iepen foar publyk. Besikers meitsje in edukative rûngong fan it swietwettermiljeu fan sleat en poel nei it sâlt wetter fan UNESCO Wrâlderfskip de Waadsee. Underweis binne sa’n trijehûndert ferskillende soarten bisten en planten te sjen. Dêr hearre de Big Five fan de ûnderwetterwrâld fan Nederlân ek by: de otter, bever, marfal, seehûn en brúnfisk.

De ‘OnderWaterSafari is de folslein ‘fernijde en útwreide presintaasje fan Fryslân ûnder Wetter. Dy seal bestiet sûnt 1995 en hat altyd de populêrste presintaasje yn it Natuermuseum west. De technyk en ynstallaasjes wiene lykwols oan in update ta. Yn de nije ferzje is it konsept gelyk bleaun, mar foarsjoen fan de allernijste technyk. Boppedat hat de nije ûnderwetterwrâld, sân kear grutter as de eardere, neist ‘klassikers’ tal fan nije sênen.

Rûngong
De ‘OnderWaterSafari’ is in hiele ûnderfining. It begjint boppe wetter, dêr’t besikers ûntfongen wurde yn in fiskershut yn in wintersk lânskip by sinne-ûndergong. Dan sakje se ôf nei it opstapplatfoarm foar de rûngong. Dêr steane spesjale movers klear om harren troch de ûnderwetterwrâld te fieren. Besikers binne eksklusyf mei harren eigen groepke yn de ûnderwetterwrâld en sjogge dêr gjin oare minsken. De reis einiget wer boppe wetter, yn in fûgelkykhutte op de kwelder op in simmerske dei.

Back to basic
Tsjintwurdich wurdt by ústallingen wol gauris gebrûk makke fan filmprojeksjes, virtual reality en oare nijmoadrige techniken. De ‘OnderWaterSafari’ giet krekt back to basic mei in klassyk diorama dêr’t alles ‘echt’ yn is. De snoek dy’t him ferskûlet yn in autowrak is in echte snoek yn in auto dy’t echt omriden hat. De plestiksop komt echt út see en is sammele op it strân fan Flylân. Yn de ûnderwetterwrâld is neat virtual, alles is reality.

Ynfopaviljoen
Yn de ûnderwetterwrâld binne gjin tekstbuordsjes. Besikers dy’t graach witte wolle wat se allegear sjoen hawwe, kinne terjochte yn it Ynfopaviljoen boppe wetter. Dêr stiet in kompjûter mei alle bisten en planten mei namme en nijsgjirrige ynformaasjes derby. Dat is it plak dêr’t ek in soad ynformaasje te finen is oer Wetterskip Fryslân, partner yn it projekt. Wichtich ûnderwerp foar it wetterskip is skjin wetter en hoe’t we dat sa hâlde kinne. It slút goed oan by de ‘OnderWaterSafari’: sûnder skjin wetter giet it bioferskaat ûnder de wetterspegel hurd efterút.

Plestik sop
Boartsjendewei binne ferskillende tema’s yn de ûnderwetterwrâld ferwurke lykas as fersmoarging en plestik sop, de spanning tusken rekreaasje en natuer, de opwaarming fan de ierde en eksoaten dy’t hieltyd faker opdûke yn de Nederlânske wetters. Spesjaal omtinken is der foar fiskmigraasje, de trek fan fisken fan swiet nei sâlt wetter en oarsom.

De ‘OnderWaterSafari’ is mei mooglik makke troch wichtige bydragen fan de BankGiro Loterij, Provinsje Fryslân en ferskillende fûnsen. Wetterskip Fryslân is partner fan De ‘OnderWaterSafari’.

De ‘OnderWaterSafari’ is iepen fan 22 septimber ôf. Foar de besite oan de ‘OnderWaterSafari’ is in kaart mei tiidslot neadich. Dy is te boeken op www.natuurmuseumfryslan.nl.

septimber 17, 2018 19:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.