Mooglik twongen ûntslaggen by Fryske Akademy

septimber 14, 2018 22:58

Fryske Akademy (foto: Wikimedia Commons/Wutsje – lisinsje CC BY.SA 3.0)

De Fryske Akademy moat mooglik minsken dien jaan. Dat hat direkteur Willem Smink hjoed te witten dien. “De finansjele situaasje by de Fryske Akademy is min”, seit er.

De Fryske Akademy docht benammen ûndersyk op it mêd fan Fryske taal, skiednis en meartaligens. It ynstitút yn ‘e Ljouwerter binnenstêd hat al jierrenlang finansjele swierrichheden. Twongen ûntslaggen wiene lykwols oant no ta net nedich.

Neffens direkteur Smink jout de Akademy alle jierren hast fjouwer ton mear út as dat der ynkomme. Om foar te kommen dat de Akademy aansen fallyt is, moatte der neffens de direkteur fiif of seis hiele banen ferdwine.

Smink seit dat wat him oanbelanget de wittenskippers allegear bliuwe. It ûndersyk is neffens him it wichtichste. Hy wiist derop dat der oan de Nederlânske universiteiten noch mar twa folsleine banen binne foar minsken dy’t ûndersyk nei it Frysk dogge. In pear jier lyn wiene dat noch mear as tsien.

De ûntslaggen by de Fryske Akademy sille dêrom nei alle gedachten yn it bestjoer en it sekretariaat falle.

Smink die syn meidieling op de Akademydei, it jierlikse jierdeisfeest fan ‘e Fryske Akademy, dat ornaris in feestlik karakter hat.

septimber 14, 2018 22:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.