Miljoenen paprika’s dumpt troch Limburchske tylder

septimber 6, 2018 09:19

Op in fjild yn Baarlo hat in paprikatylder út need in miljoen paprika’s dumpt. Troch de hjitte yn de waarme simmer binne der lytse plakjes op de paprika kommen. Dêrtoch is in grut part fan syn rispinge ferlern gien

Foto: pixabay.com

De paprika’s binne dêrmei ûnferkeapber, dat de Limburchske tylder besleat se dan mar fuort te smiten. Om’t der nearne plak wie foar de grutte hoemannichte besleat er de griente te brûken as kompost op ien fan syn fjilden, berjochtet 1Limburg. Troch de mislearre rispinge rint de tylder in lytse 70.000 euro oan ynkomsten mis. Neffens him binne ek komkommer- en tomatekwekers troffen troch de waarme simmer. Earder waard al bekend dat prommen en sipels lytser binne dit jier troch it waarme waar.

Om’t de paprika’s gewoan te iten binne, waard op sosjale media mei fernuvering reagearre, ûnder oare fia de community Kromkommer dêr’t minsken opkomme foar griente en fruit mei in skientmeflaterke. De gemeente wie ek net bliid mei it stoarten fan de 200.000 kilo paprika’s en hat de tylder frege om syn paprika’s om te ploegjen. Dat hat er dien.

septimber 6, 2018 09:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.