Measte babyfoans mei kamera net genôch befeilige

septimber 23, 2018 08:26

foto: Bedden.nl

Fan alle brûkers fan in babyfoan mei kamera hat 63 persint dy net feilich genôch makke. Dat blykt út ûndersyk fan Bedden.nl, wêrby’t 1.360 Nederlanners ûnderfrege waarden. De online bêdewinkel ûndersocht ûnder mear hoe’t de brûkers harren babyfoan befeiligen. Ut de resultaten blykt dat 29 persint fan de babyfoans hielendal net befeilige wie. In tredde part fan de brûkers hie it apparaat foar befeiliging allinnich mar oansletten op in feilich wifi-netwurk. As iennige maatregel is dat net genôch.

Acht op de tsien brûkers stelt gjin selskeazen wachtwurd yn
It belang fan in sterk, selskeazen wachtwurd is de ôfrûne jierren troch ferskate feilichheidsûndersikers ûnder de oandacht brocht. Dochs blykt dat mar tachtich persint fan de brûkers fan in babyfoan mei kamera dat docht.

Om der wis fan te wêzen dat in babyfoan mei kamera – dy’t fia wifi ferbining makket – feilich genôch is, mpatte de brûkers trije maatregels nimme. It troch de fabrikant ynstelde wachtwurd moat feroare wurde nei in selskeazen wachtwurd, der moat in feilich wifi-netwerk brûkt wurde en de software fan it apparaat moat by de tiid wêze.

De folsleine ûndersyksresultaten en in tsjeklist foar it befeiligjen fan in babyfoan mei kamera binne op https://www.bedden.nl/blog/babyfoon-onderzoek te besjen.

septimber 23, 2018 08:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.