Martijn Wieling nije perfester foar it Grinslânsk

septimber 27, 2018 16:59

Siemon Reker hat lang om let in opfolger as perfester foar de Grinslânske taal en kultuer oan ‘e Ryksuniversiteit Grins. Reker waard yn 2016 mjirkes. Hy wurdt opfolge fan Martijn Wieling, dy’t al as dosint ynformaasjekunde oan ‘e universiteit wurket.

Wieling komt te wurkjen yn it Centrum Groninger Taal en Cultuur, in nije ôfdieling fan de universiteit, dêr’t neist ûndersikers fan de universiteit ek de meiwurkers fan it eardere Huis van de Groninger cultuur yn ûnderbrocht binne. De ûndersikers fan it Grinslânsk wurkje tige nau gear mei de ûndersikers foar it Frysk, Goffe Jensma en Nanna Hilton.

Wieling hat earder ûndersyk dien nei de bewegings fan tonge en lippen by minsken dy’t Grinslânsk praten. Hy kaam derefter dat sprekkers út Ter Apel de tonge dan fierder efter yn ‘e mûle hawwe as sprekkers út Ubbergen. Bysûnder is dat er oer syn ûntdekkings net allinne in boek en artikels publisearre hat, mar ek in stripferhaal.

Wieling sil de kommende tiid ûnder oaren ûndersykje oft twatalige Grinslânskpraters letter yn ‘e bernskens komme as ientalige. Kanadeesk ûndersyk hat nammentlik útwizing dien dat minsken dy’t Frânsk én Ingelsk prate kinne, letter demint wurde as guodden dy’t mar ien taal prate. Foar dat ûndersyk wol Wieling gearwurkje mei it UMCG, it akademysk sikehûs yn Grins. Wieling wol ek neigean hoefolle persint fan de Grinslanners oft hjoed de dei noch Grinslânsk praat.

Foto: Martijn Wieling (https://www.dvhn.nl/images/40lomb-wielng.jpg/ALTERNATES/FREE_768/wielng.jpg”>

septimber 27, 2018 16:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.