Mantgum hat earste stasjon mei dimme stasjonsljocht

septimber 13, 2018 10:38

Mantgum hat it earste treinstasjon yn Nederlân mei dimme led-ljochten. As der gjin beweging op it stasjon is, skine de lampen minder fûl. Oanlieding dêrfoar binne protesten fan ynwenners fan it doarp.

Stasjon Mantgum (foto: Wikipedia/Johan Weenink – lisinsje CC BY-SA 3.0)

Doarpsbewenners hiene al in skoftlang argewaasje fan de hoemannichte ljocht dy’t der nachts fan it stasjon ôfkaam, yn in fierder frij tsjustere omjouwing. Trije jier lyn gie in tal bewenners nachts nei it stasjon om alle ljochten út te setten.

“Elkenien klage oer it stasjonsljocht”, seit ynwenster Nynke-Rixt Jukema tsjin Omrop Fryslân. “Mar hoe kringt men troch ta in grutte organisaasje as ProRail? Wy hawwe doe nachts de lampen útdraaid, om te sjen watfoar effekt dat hie. En wy wiene tige bliid mei dat effekt.” Spoarbehearder ProRail gie dêrmei oan ’e slach en sûnt woansdeitejûn is Mantgum it earste Nederlânske treinstasjon mei dimme ljochten. It is de bedoeling dat oare stasjons yn Fryslân en de rest fan Nederlân folgje.

septimber 13, 2018 10:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.