‘Manljusskoech’ is in lestich wurd om te skriuwen

septimber 7, 2018 13:42

Foto: Morguefile

Goed in wike lyn stie op It Nijs in toetske oer it skoalfak Frysk (link). Lêzers koene toetse hoefolle oft se dêrfan wisten. Mear as hûndert minsken hawwe de toets makke. Wy kinne no sjen wat maklike en wat drege fragen wiene.

De alderlestichste fraach wie hoe’t it wurd manljusskoech skreaun wurdt. Mar 47 persint fan de lêzers wist dat. Hast like faak waard de ferkearde stavering mânljusskoech oanklikt.

Der wie noch in fraach dy’t troch de mearderheid fan de lêzers ferkeard beäntwurde waard. Dat wie de fraach wat net in doetiid fan it tiidwurd liede wêze kin. De kar wie út de wurden litte, late, lette, liede. It korrekte antwurd is litte. Dat is nammentlik de doetiid fan lijeLiede yn de betsjutting ‘lûd meitsje’ (‘klokliede’) hat de sterke doetiid letteLiede yn de betsjutting ‘de lieding hawwe’ hat as sterke doetiid late. Yn beide betsjuttings komt ek liede foar.

De maklikste fraach gie oer de tiidwurdfolchoarder. Dy giet faak ferkeard, mar fan de lêzers fan It Nijs wist mar leafst 89 persint dat dit de goede sin wie: Marije hat har hûs fervje litten.

septimber 7, 2018 13:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.