Man rydt op minsken yn en ropt ‘Allah akbar!’

septimber 14, 2018 14:21

Yn de Súd-Frânske stêd Nîmes is in man yn de nacht fan tongersdei op freed op publyk ynriden. Dat barde op in feest yn de stêd dat oan snein ta duorret. Trochdat de plysje antyterroristyske maatregels nommen hie, is it tal slachtoffers beheind bleaun ta twa. Hja rekken lichtferwûne. Omstanners hawwe de bestjoerder tsjinholden en him oan ‘e plysje oerdroegen.

Om tweintich foar twaen ried de 32-jierrige ynwenner fan de stêd yn op in groep fan sa’n fyftich minsken dy’t krekt út in kafee weikamen. Neffens tsjûgen rôp er dêrby ‘Allah akbar!’ In betonblok makke dat er net fierder komme koe.

De plysje wit noch net wat de reden fan de man wie, mar giet der wol fan út dat er it mei sin dien hat.

septimber 14, 2018 14:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.