Jildwinningsaksje It Fryske Gea om greidefûgel te rêden

septimber 4, 2018 19:38

Skriezen. Foto © Hans Pietersma

Omdat it tal greidefûgels slim weromrint wol de natuerferiening It Fryske Gea dêr wat oan dwaan. Fan ’e wike begjint in spesjale aksje om jild byinoar te krijen. Elkenien yn Fryslân wurdt oproppen om dêroan by te dragen, sadat der grûn kocht wurde kin foar it kreëarjen fan gebieten dêr’t greidefûgels libje kinne.

De greidefûgel is fan âlds de bewenner fan it Fryske boerelân, mar dêr is hieltyd minder plak foar skriezen, ljippen en strânljippen. Der bestiet wol in stribjen om natuerfreonliker te buorkjen, mar neffens Henk de Vries, direkteur fan It Fryske Gea giet dat fierstente stadich om it fuortbestean fan de greidefûgels te rêden. “Wy kinne it ús net foarstelle dat de greidefûgel der meikoarten net mear is, mar dat skrikbyld liket wol werklikheid te wurden. As wy neat dogge, dan is it fuortbestean fan de greidefûgels écht yn gefaar. Dat meie wy net talitte. De greidefûgel heart by Fryslân en dus is it tiid foar aksje!”

Oplossing
In oplossing is it oanlizzen fan mear geskikte gebieten. “It Fryske Gea hat de lêste jierren grûn kocht yn de Warkumerbinnenwaard en de Heanmar. Dat hie in posityf resultaat. It tal briedpearen fan de ljip, skries, strânljip, fjildljurk en de tsjirk giet dêr omheech. In oerdúdlik sinjaal dat dy oanpak wurket en foaral fuortset wurde moat. Dêrom wolle wy noch folle mear grûn oankeapje om gebieten te meitsjen dy’t foar greidefûgels gaadlik binne”, lit De Vries witte.

Jildaksje
Grûn kostet in protte jild, mear as de feriening opbringe kin. Dêrom is It Fryske Gea mei in aksje úteinset. Alle ynwenners fan Fryslân wurde oproppen om de feriening mei in jefte te stypjen. Yn it ledemagazine dat fan ’e wike útkomt stiet in oprop en der is ek in spesjale lâningside makke: mei mear ynformaasje oer dizze aksje en de stân fan de greidefûgels yn Fryslân: www.itfryskegea.nl/red-de-weidevogel.

De Vries is derfan oertsjûge dat we mei-inoar it ferskil meitsje kinne: “Moatte ús bern strak de greidefûgels misse? Nee, wy moatte ús no maksimaal ynsettn sadat bygelyks in fûgel as de ljip oer tweintich jier ek noch yn it Fryske lânskip te sjen is.”

septimber 4, 2018 19:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.