Jan Willem Zwart: Fryslâns reus

septimber 22, 2018 20:00 Fernijd

Kollum

Skets fan it stânbyld © Hans Jouta

Hiel Ljouwert en wide omkriten wiene útrûn foar de reuzen fan Royal de Luxe. Trije dagen lang wie de stêd yn ’e ban fan dy grutte keunstwêzens. Tûzenen besikers. Kulturele Haadstêd docht fertuten mei dat soarte fan dagen. Reuzen binne ynienen hiel populêr. Dochs hie Fryslân sûnt 1507 al in echte reus! Dy is nea sa erkend en is eins altyd hiel lyts troch it libben gien as rjochtsgelearde, humanist, diplomaat en bestjoerder. Dy reus hat nea in grut plak yn Fryslân krige. In profeet yn eigen lân wurdt nea rjocht oandien, wurdt wolris sein. Fryslân hat in pear kear besocht om him in plak te jaan. Yn Ljouwert hat er in eigen steechje krige, in steechje op ’e Weaze, en der is in akwadukt nei him neamd. Fierder ken nimmen dy reus fan Fryslân.

Dy reus hjitte Wigle fan Aytta en wie berne yn Swichum. Syn omke Bucho seach fuortendaliks dat it in bysûndere jonge wie. In reus. Omke Bucho stjoerde him nei skoalle ta en soarge derfoar dat er studearje koe. En sa kaam Wigle, dy’t him letter Viglius neamde, yn kontakt oaren fan grutte namme lykas Erasmus.

Bylden fan persoanen wurde tsjintwurdich kritysk folge. Benammen fan minsken dy’t yn it ferline yn de koloanjes wurke hawwe. It liket wolris oft dat gjin skiednis wie fan Nederlân. Fryslân hat ek stânbylden. Grutte Pier, Hotze Schuil, Pieter Jelles Troelstra en Mata Hari en noch folle mear. Geweldich yn harren dwaan, dêr is gjin twivel oer mooglik. Dochs wiene it gjin minsken dy’t de wrâld yndied feroare hawwe. Viglius wol! Miskien wie er syn tiid fier foarút en seach er doe al yn dat gearwurking tusken lannen better wie as fjochtsjen. Hy socht nei ferbining. Ferbining is wat wy nedich hawwe. Ferbining jout gearwurking. Mei-inoar kinne minsken mear!

Fan it ferline kinne wy leare. Ferbine is tige wichtich yn in tiid fan yndividualisearring. Ferbine is net samar in wurd, it is in tiidwurd dat wurkjen ynhâldt. Men moat der sels wat foar dwaan. Miskien is dat wol it boadskip dat soksoarte fan bylden mei jaan kinne.

Viglius fan Aytta fan Swichum, miskien wol de grutste reus fan Fryslân, kriget op 19 oktober, op syn jierdei, in stânbyld. Op in moai plak yn Ljouwert, foar de Kânselarij. It gebou dat er sels foar in part betelle hat. It trije meter hege byld is troch keunstner Hans Jouta makke en hat it formaat fan swide statuer. Viglius fan Aytta. De reus fan Fryslân is teplak!

 

 

 

 

septimber 22, 2018 20:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.