Jan Minno Rozendal selektearre foar ferbliuw yn Masedoanië

septimber 14, 2018 08:38

Histoarikus en publisist Jan Minno Rozendal is troch de sjuery fan it literêre útwikselingsprojekt Oare Wurden útkeazen foar in ferbliuw yn Masedoanië. Fan de twa ynstjoerde skriuwplannen fûn de sjuery dat fan Rozendal it sterkst. Hy reizget nije wike ôf nei de Masedoanyske stêd Bitola foar in ferbliuw fan acht wiken.

Jan Minno Rozendal (foto: Oare Wurden/Tresoar)

Rozendal wol yn de tiid fan syn ferbliuw begjinne oan in biografy fan Douwe Kalma. As oprjochter fan de Jongfryske Mienskip en skriuwer fan it essay ‘Fryslân en de Wrâld’ joech Kalma goed hûndert jier lyn in enoarme ympuls oan it selsbewustwêzen en de eigenwearde fan de Friezen. Rozendal wol graach in wittenskiplik ferantwurde biografy skriuwe en sjocht syn ferbliuw yn Masedoanië as in prelude op dit ambisjeuze skriuwprojekt. Mear oer it plan en oer de beoardieling fan de sjuery is te lêzen yn it sjueryrapport.

Rozendal (1979) is berne yn de Westereen en wennet no yn Grins. Yn dy stêd hat er skiednis studearre. Yn ‘e simmer fan 2014 krige er âlde memoires yn hannen dy’t er ferwurke hat ta syn debútroman Drift, dy’t begjin 2017 útkaam. In jier letter kaam syn twadde wurk De Fluchste Blanke út. Beide boeken binne histoaryske romans: it earste spilet him ôf om 1910 hinne, de twadde om de Twadde Wrâldoarloch hinne. De lêste oardel jier hat er boppedat dwaande west mei in biografy fan de dichter en Fryske strider Anders Minnes Wybenga (1881-1948), dy’t yn septimber 2018 it ljocht seach.

Oare Wurden/Other Words is in útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse Europeeske talen. It projekt jout skriuwers de kâns om acht wiken yn it bûtenlân te wenjen en te wurkjen. Doel fan sa’n ferbliuw is om in literêr wurk te meitsjen, mei te dwaan oan it kulturele libben yn it gastlân en in nij (skriuwers)netwurk op te bouwen. It úteinlike literêre wurk wurdt yn it Ingelsk en de oare dielnimmende talen oerset en op de webside fan Oare Wurden publisearre. Earder wie André Looijenga ek al yn Bitola. Bart Kingma en Gerard de Jong ferbleaune yn San Sebastián (Baskelân), Hein Jaap Hilarides yn Maribor (Slovenië) en Karen Bies yn Belmullet (Ierlân).

It projekt Other Words/ Oare Wurden wurdt útfierd troch Tresoar, yn opdracht fan de provinsje Fryslân. It projekt is ûnderdiel fan it LF2018-programma Lân fan Taal, dat as doel hat doel om Fryslân as publyks- en kennissintrum foar meartaligens te posisjonearjen. Mear ynformaasje oer Other Words/Oare Wurden is te finen op www.oarewurden.frl.

septimber 14, 2018 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.