Jaap de Hoop Scheffer: It giet oan

septimber 14, 2018 13:03

Der kaam in ûnbidich grutte hammer oan te pas om de blokken foar de yngong fan gebou Z oan it Saailân oan barrels te slaan. Mar dêrnei wie it dan safier: de heechleararen, studinten en gasten koene deryn. Yn dat gebou hat de Rijksuniversiteit Groningen ôfdieling Ljouwert ûnderdak fûn salang’t it âlde beursgebou in lyts eintsje fierderop noch net klear is.

Foarôfgeand wiene wy al mei in ceremonial walk troch de stêd rûn, want de iepening fan it nije akademyske jier fan de Campus Fryslan wie tongersdeitemiddei 13 septimber om trije oere feestlik begûn yn de Grutte Tsjerke mei de jierlikse Gemma Frisiuslêzing, dy’t fersoarge waard troch âld-minister fan útlânske saken en NAVO-baas Jaap de Hoop Scheffer.

Healwei de jierren santich wurke De Hoop Scheffer op de ambassade in Accra. Op in dei moast er derop út mei materiaal foar in nije toskedokterspraktyk yn it noarden fan Ghana. Nei fjouwer oere riden teplak. De minsken wiene der wat bliid mei en hy krige in geit oanbean, dy’t er spitigernôch wegerje moast om mei te nimmen, want it bist paste net yn de auto. In skoft letter waard de geit by de ambassade ôflevere en doe hat er it bist wol yn tankberens oannommen en letter oan ien fan de meiwurkers jûn dy’t der plak foar hie.

Wat De Hoop Scheffer mar size woe, is dat men yn it ynternasjonale ferkear rekkening hâlde moat mei kultuerferskillen. In oare wize les is dat men yn de ûnderhannelingen mei oaren witte moatte fan komôf en biografy. Hoe soe men Angela Merkel begripe mei har “Wir schaffen das” as men net wit dat se opgroeide yn de DDR, of hoe soe men Poetin begripe kinne as men net wit dat er op it stuit dat de muorre foel, yn 1989, yn Dresden wurke foar de KGB en seach dat koart dêrnei de Sovjet Uny ta in ein kaam, of hoe soe men Bush begripe mei syn “befrijing fan Irak en it bringen fan demokratyske wearden” as men neat wit oer syn oertsjûgingen oangeande it kristendom en demokrasy.

Der is in soad feroare yn de wrâld sûnt de tiid dat De Hoop Scheffer sels studearre. Yn de tiid fan ‘De koude oorlog’ wie alles oersichtliker. Troch de globalisaasje hawwe wy wat langer wat mear in twadieling: minsken dy’t foardiel hawwe fan dy ûntjouwingen en minsken dy’t it der allinne mar dreger troch krige hawwe. Soks is foar studinten dy’t har dwaande hâlde mei ynternasjonalisearring in útdaging om der oplossingen foar te finen. Fansels wie elkenien nijsgjirrich hoe’t it ôfrûn wie mei de geit. Dy wie “delicious”.

De Hoop Scheffer memorearre dat er tige wiis is mei syn ambassadeurskip foar de Campus Fryslân. Ommers syn mem groeide op yn Ljouwert en syn pake wenne yn Grou. “It giet oan”, út syn mûle by de iepening fan gebou Z wie dêrmei te begripen. It wie op it pear wurden nei it iennige Frysk, want de gearkomste wie folslein yn it Ingelsk.

Op dit stuit hat de Campus Fryslân sa’n hûndertfiifentweintich studinten. Dat hâldt net oer, mar oan it entûsjasme fan elkenien dy’t op de ien of oare wize by de nije universiteit belutsen is, sil it net lizze. Ik krige letter in petear mei ien dy’t op dit stuit wurket by de Roosevelt Academy yn Middelburch. Dy is ek lyts begûn en hat op it stuit sa’n seishûndert studinten. Soks moat hjir ek kinne.

Pier Bergsma, freedtemoarn 14 septimber 2018

 

 

septimber 14, 2018 13:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.