It wiist net bêst foar it skoalfak Frysk

septimber 23, 2018 15:19

Henk Wolf

Troch Henk Wolf

It skoalfak Frysk hat in nochal beskieden opbringst. In grut part fan ‘e Fryske skoallen komt net ta de wetlike kearndoelen. Dat docht bliken út ûndersyk fan Albert Walsweer en Nynke Anna Varkevisser. Tongersdei presintearren se de resultaten dêrfan op it Hearrenfean op it kongres Frysk yn it ûnderwiis.

“It is mei sizzen net te dwaan”

Fan de basisskoallen yn it Fryske taalgebiet hellet goed de helte de doelen helendal of hast. Fan de skoallen foar fuortset ûnderwiis is dat likernôch twatreddepart. De tige detaillearre gegevens binne nei te lêzen yn it rapport It is mei sizzen net te dwaan.

Tafallich of net, It is mei sizzen net te dwaan wie ek de gjalp fan it studinteprotest op it Saailân yn 2001. Doe protestearren de Fryske studinteferieningen Bernlef, WSSFS, aksjegroep FRA en kultuerorganisaasje Eftrije op de treppen fan it gerjochtsgebou tsjin de selsfoldiene hâlding fan provinsje en justysje, dy’t binnendoar fierden dat der sûnt Kneppelfreed sa’n soad feroare wie. De aksjefierders wienen fan betinken dat der noch lang gjin reden foar feest wie.

Allinne mar stimulearje

Albert Walsweer sei it tongersdei foarsichtich, mar wol dúdlik: de sifers dy’t Nynke Anna Varkevisser en hy sammele en analysearre ha, jouwe noch gjin reden foar tefredenheid. Hy woe ek wol witte wat de ynspeksje no dwaan soe. En dat wie neffens Monique Vogelzang fan dy ynspeksje net safolle as guon tochten dat nedich wie. Hurde maatregels soe de ynspeksje net nimme, om’t stimulearjen no ienris better wurket as straffen.

Deputearre Sietske Poepjes sei ek dat de provinsje foaral stimulearje wol. Dat docht de provinsje al withoelang en dat is moai. It is perfoarst net sa dat dat neat opsmyt. Ik ha by in protte moaie stimulearringsprojekten fan de provinsje behelle west. Sûnder de stipe fan de provinsje hie it plak fan it Frysk yn it ûnderwiis grif folle lytser west as no. Alle lof, sûnder mear. Allinne is stimulearjen mar ta in hichte effektyf.

It echte probleem

Tineke Vogels is it haad fan de trijetalige Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden, ien fan de tige warbere skoallen dy’t wol har bêst dogge om it Frysk in folweardich plak te jaan. Ik ha faak op dy skoalle west en kin wat dat oangiet út eigen ûnderfining prate: oer Tineke en har tiim allinnich mar lof. It ferbaasde my dan ek net dat Tineke Vogels op it kongres sei dat se har wat oanfallen fielde troch minsken dy’t woenen dat de ynspeksje hurd fanwegen komme soe tsjin skoallen dy’t noch net alle doelen helje. Tom Dykstra fan de Feriening Frysk Underwiis stimde har dat mei en sei dat skoallen lykas harres ek foaral stipe fertsjinje.

It probleem is fansels dat de skoallen dy’t echt net wolle of kinne, net op it kongres fertsjintwurdige wienen. It echte probleem binne de skoallen dy’t, nettsjinsteande alle stimulearring, simpelwei gjin Frysk jouwe of de Fryske les ynfolje mei it sjongen fan wat ferskes. It probleem binne de skoallen dêr’t managers it fak Frysk ferfange troch ‘in projektmiddei’, tsjin it sin fan de learaar Frysk yn. It probleem binne de skoallen yn it grinsgebiet fan Fryslân of de stêden, dêr’t net-Frysktalige âlden druk útoefenje om it plak fan it Frysk beheind te hâlden. It binne de skoallen dêr’t it tiim noch tinkt dat meartaligens min is foar bern, dêr’t gjin weet is fan transfer tusken fakken.

Wat is de beliedsfisy fan de provinsje?

Deifoarsitster Geartsje de Vries frege oan deputearre Sietske Poepjes wat de provinsje fan doel wie mei dy skoallen. En dêr hie de deputearre gjin goed antwurd op. Se kaam net folle fierder as dat wy allegear grutsk wêze moatte op it Frysk. Wat der gebeure moat mei skoallen dêr’t dy grutskens der net is, dat seit se net, wylst der wol steapels ûndersyksresultaten binne dêr’t de provinsje belied op basearje kinne soe. Ik tink bygelyks oan it ûndersyk fan Jehannes Ytsma silger fan de Fryske Akademy nei de fitaliteit fan talen. Ik tink oan de Katalaanske, Welske en Bretonske ûnderfiningen mei it fergrutsjen fan de status fan de minderheidstaal op skoalle. Ik tink oan de ûnderfiningen fan de Nederlânske ûnderwiisynspeksje mei it straffen fan skoallen dy’t struktureel min prestearje. Ik soe op in kongres hearre wol dat de deputearre dy sifers kin en dat se der yn har belied gebrûk fan makket, alhelendal no’t de provinsje sûnt 2015 formeel de sizzenskip oer it fak Frysk hat.

Ynstee dêrfan skriuwt frou Poepjes yn it foaropwurd by it rapport fan Walsweer en Varkevisser dat de provinsje op ‘e nij in protte stimulearje sil. Dan leit se de bal by de lêzers: ‘Ik rekkenje op jim’. En dat dat net opsmyt wat de provinsje graach wol, dat witte wy sa stadichoan wol.

Skepsis

De provinsje wol skoallen oan 2030 ta de tiid jaan om harsels te ferbetterjen. Dan soe it mei it Frysk alllegear klear wêze moatte. De provinsje ferwachtet dat dy ferbettering der komt troch te dwaan wat de provinsje al tsientallen jierren docht, nammentlik stimulearje en fasilitearje, mei miskien yn detail wat ferskillen, mar net mei in wêzentlik oar belied. De situaasje docht my tinken oan de jierren 2002-2005, doe’t der fûl diskusjearre waard oer it oanpassen fan de kearndoelen Frysk. Dy wienen doe noch gelyk oan dy fan it Nederlânsk. Se binne doe in heel ein ferlege, mei it idee dat se dan realistysker wêze soenen: de skoallen hoegden dan net safolle mear oan it Frysk te dwaan en dat soe dan doch wol slagje moatte.

Der kamen nije skoalboeken dy’t skoallen holpen om bern op maat te betsjinjen en skoallen krigen de gelegenheid om harsels stapke foar stapke te ferbetterjen. Mar de folle legere doelen waarden ek net helle. Yn 2010 besleat de ûnderwiisynspeksje dat de Fryske lessen sa’n binde wienen dat de kwaliteit fan dat fak net mear meinaam wurde soe yn de ynspeksje. No is it 2018 en it fak Frysk sit noch altyd op in janpoepsplak, sûnder dat der fûneminteel wat oan it belied feroaret. Dat makket dat ik der skeptysk oer bin dat it diskear wol slagje soe.

Fertroebeling fan de diskusje

Ik bin al skeptysk oer it formele doel fan it belied, nammentlik dat alle skoallen de kearndoelen helje. Dat wurdt no foarsteld as soe elk dan tefreden wêze moatte. Dy kearndoelen ha lykwols net folle om ‘e hakken. Foar net-Frysktalige bern hâlde se mar in beheinde behearsking fan it Frysk yn. Wat sa stadichoan helendal bûten byld rekket, en wat noch wol yn de kearndoelen fan foar 2005 siet, is dat de provinsje yn 1985 besletten hat dat de talen Nederlânske en Frysk prinsipieel deselde status ha moatte. Wat ek bûten byld rekket is dat de Nederlânske steat troch de ûndertekening fan it Europeesk Hânfêst al fan 1998 ôf ferplichte is om “een aanmerkelijk deel” fan it ûnderwiis yn it Frysk oan te bieden. Wat dat oangiet soe it heljen fan de tige lege formele kearndoelen fan no pas in earste stap wêze, lang net it eindoel. En dat eindoel komt wier net merkber tichterby.

It rapport It is mei sizzen net te dwaan is hjir te finen: link.
Berjochten út 2002-2005 oer de ferleging fan de kearndoelen binne hjir te finen: linklink, link en link.
In krekt wat oar stik oer deselde matearje fan myn hân op Neerlandistiek.nl stiet hjir: link.

septimber 23, 2018 15:19
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Johannes septimber 23, 17:52

    It sjocht der min út foar it Frysk, mar foar it Hollânsk is it noch slimmer, it wurdt allegearre Ingelsk. Wat is der bard? De minsken dy’t ús it paad wize moatte begjinne allegearre mei Ingelske wurden en it folk nimt dat oer. It Hollânsk is net mear yn ‘e de moaie wurden te hâlden. Farwol fan dy taal, mar wy sille ús Frysk bewarje en sil noch tûzende jierren bliuwe bestean. De taal fan de wrâld sil nea fuort wurde. Wy binne mei safolle stânfriezen, dy ‘t skriuwe, lêze en sprekke sille. Sets nei myn dea bliuwt it.

  2. Cor Jousma septimber 24, 10:12

    Ik mis yn it rapport de profilearring fan de skoallen op skoallenivo, dus de profilearring de skoalle.

    Hat immen dêr gegevens fan of moat bygelyks in FFU dy lâns de wei fan de WOB opfreegje?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.