It pealtsje fan Easterlittens

septimber 22, 2018 10:22

Folksferhaal

Skuonmakkers op it plattelân hawwe it altyd dreech hân. Sa wie it ek mei de skuonmakker dy’t jierren lyn yn Easterlittens wenne. De Littensers rûnen hast allegear op klompen. Allinne de dominy en syn frou hiene skuon. En in pear rike boeren dy’t wolris mei de frou nei de stêd giene, hiene by sokke gelegenheden skuon oan. Dêr koene se dan ek jierren mei ta, want troch de wike hinne rûnen dy ek op klompen. Foar sneins hiene se in pear knappe klompen, want de reden en de diken wiene te modderich om dêr mei skuon op te ferkearen. It wie by de skuonmakker dan ek in earmoedsaaierij. Baas Skoech, sa’t se him neamden, makke gauris lange lopen troch de greidhoeke om yn doarpen dêr’t gjin skuonmakker wenne, by foarname huzen te freegjen oft der ek skuon op te laapjen wiene. Dy kamen dan by him yn de blauwe sek, dy’t er oer it skouder droech, om se in pear dagen letter kreas opknapt werom te bringen. Inkeld moast er wolris nije skuon meitsje as dêr ferlet fan wie. Dan hie er ris in goede wike.

Op in dei waard er yn ’e besnijing holden fan in dream dy’t er nachts hân hie. Hy soe nei Amsterdam ta moatte, nei de Papebrêge. Dêr soe er it gelok fine. Mar ja, om dêr te kommen, soks is lang gjin minnichheid. In nacht of wat letter hie er deselde dream. Hy seach de brêge klear foar him. Hy waard der wekker fan en it fisjoen liet him net los. Oerdei fertelde er syn frou wat him dwaande hold. As dat no ris wier wie dat er yn Amsterdam syn gelok fine soe, dan soe it dochs dom dwaan wêze en besykje it net? De frou woe der neat fan witte. “Dom dwaan? Dom praat silst bedoele!”

Doe’t baas skuonmakker in hoartsje letter deselde dream wer hie, wie er gau beret. Trije kear itselde boadskip, dat moast in teken wêze. Hy makke him klear foar de reis. Tiisdeitemoarn mei de frachtboat fan Frjentsjer dy’t troch Easterlittens fear nei Snits en dan de middeis dêrwei mei it beurtfear nei De Lemmer. Dan koe er mei de nachtboat nei Amsterdam. Sa hie er it foarinoar.

Papebrêge. Foto Wikimedia Commons

Doe’t er yn Amsterdam oankaam, seach er frjemd om him hinne. It seach der allegear hiel oars út as yn de dream. Wat in grutte huzen stien dêr! Hy frege ris oan dizze en jinge om it paad nei de Papebrêge, mar it like wol as ferstiene se him net. Op it lêst wie der ien dy’t him it paad wiisde. It wie net iens sa fier. Doe’t er lykwols de brêge seach, sloech de twivel ta. Dat smelle brechje, soe dêr syn gelok te finen wêze? Hy rûn de brêge in pear kear op en del, mar der wie neat bysûnders. Hy bleau op beide wâlen in skoft stean om de brêge goed op ’e kuer te hawwen en pandere noch ris wat hinne en wer. Foar de wissichheid frege er oan in foarbygonger oft dit de Papebrêge wol wie. Ja, dat koe net misse. Sa’nien wie der mar ien fan. Doe’t it skimerich waard socht er in loazjemint op. De oare moarns by it ôfrekkenjen skrok er fan de priis. Dy liigde der net om. Hy sette wer nei de brêge ta. It wie kostlik waar, dat it wie goed út te hâlden, mar it gelok kaam net op him ta en hy seach it ek net lizzen. Wat yn ’e goedichheid die er ferkeard? Trije kear in selde dream, dat moast doch wat betsjutte? Hy soe der noch in tredde dei oan weagje. Hy hie gjin jild genôch foar nochris yn in loazjemint, dat hy joech him del op in bankje oan it Damrak. De tredde dei wie krekt as de foarige; wol allegear drokte fan minsken dy’t oer de brêge rûnen, mar gjin ien dy’t omtinken foar him hie. It begûn derop te lykjen dat de frou it by de rjochte ein hie en dat er mar better thús bliuwe kinnen hie.

Op ’e neimiddei waard er oansprutsen troch in âld bidler: “Jo rinne hjir al in dei of wat om. Wachtsje jo op ien, of sykje jo wat?”
De skuonmakker stie it net rjocht, sa’n goare bidler. Wat soe dy fan him wolle? In ielmis hoegde er yn alle gefal net op te rekkenjen. Hy wie sels hast oan biddeljen ta, dat hy sei: “Ik bin earm en no haw ik koartlyn dreamd dat ik op dizze brêge it gelok fine soe. Mar hoe’t dat der útsjocht wit ik net, dat ik wit ek net wêr’t ik op wachtsje of wat ik hjir sykje moat.”
De bidler sei: “Myn bêste man, ik leau jo binne net allinne earm, mar ek dom. Wa leaut no yn dreamen? Ik sil jo ris wat fertelle. In skoft lyn dreamde ik dat ik ryk wurde soe as ik nei Easterlittens reizge en dêr by in skuonmakker yn de tún ûnder in pealtsje in pot mei jild opgroef. Tinke jo dat ik dêr yntrape? Ik wit net iens wêr’t dat plak leit. Nee, leau my, dreamen binne bedroch.”
De skuonmakker wist genôch. Hy joech him gelyk en makke dat er fuortkaam. Hy naam de nachtboat nei De Lemmer en rûn dêrwei nei hûs ta. No en dan mocht er op in hynder-en-wein in ein meiride.

Doe’t er thúskaam wie it al skimerich. Hy wie hastich en woe fuort oan it graven. “Wat bist gysten”, sei skuonmakkerske, “kinst net efkes fan de reis bekomme? Fertel my wat dy skeelt.” Mar hy die gjin lichten. Hy groef it pealtsje dat dêr stie en dêr’t er nea acht op slein hie út en dolde fierder en wrachtich, dêr stjitte er op wat hurds, de pot. It wie in tsjettel, in moaie koperen tsjettel, die bliken doe’t de frou him skjinmakke hie. Hy siet grôtfol mei muntjild. Wat fielden se har no ryk en lokkich. Se praten ôf dat se der kloek mei omgean soene en dat gjinien hoegde te witten wat harren oerkommen wie. It koe wat mear lije, mar der moast ek om ’e âlde dei tocht wurde. De tsjettel soene se brûke foar boppe it hurdfjoer.

Doe’t de dominy, dy’t hjerstmis altyd by de gemeenteleden op húsbesite kaam, de tsjettel seach en sei dat him dat in djoere tsjettel like, sei de skuonmakker dat er dêr hiel geskikt oan kommen wie. Hy hie him ris healsliten yn Ljouwert op de Brol kocht. Sa hiene hy en de frou it ôfpraat dat it hjitte soe as der ris nei frege waard. “Der stiet ek wat op”, sei de skuonmakker, “mar dat kinne wy net lêze.”
Dominy sette de bril op en sei: “Wat eigenaardich. Dat is Latyn en it betsjut: ûnder dizze tsjettel sit noch in tsjettel.” Ja, dat wie frjemd, wie skuonmakker ek fan betinken. Wat dat ynhold, soe wol net te efterheljen wêze. Mar dominy wie noch net ta de doar út, doe stie de skuonmakker al yn it hok om de skeppe te heljen. Hy groef, djipper as de earste kear, en fûn noch in tsjettel, ek wer fol mei jild.

“Wat haw ik dy sein”, sei de baas, “dy reis nei Amsterdam wie net om ’e nocht.” Se libben beide kloek en ienfâldich, mar hoegden net krinterich te wêzen. En doe’t it safier wie, belibben se in lokkige jeld.

 

septimber 22, 2018 10:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.