In aparte skiednis (4)

septimber 11, 2018 09:30

Ferhaal fan Nanne Hoekstra

De foargeande parten fan dit ferhaal publisearren wy respektyflik op 8, 9 en 10 septimber. Dy binne werom te finen troch te klikken op Ferdivedaasje\sprekwiis, kreative bydragen. Dit is it lêste part. Redaksje

It paad werom

Justjes letter krige Hilarides wat planken op, om in kûle iepen te lizzen, sadat in bulte rustich âld izer foar it ljocht kaam. De kening knypte de eagen heal ticht om it tafriel goed yn him op te nimmen.

––‘No, it sjocht derút as hat dat hjir wol in skoftke lein.’

––‘Dat is ek sa. Wy hawwe it materiaal datearre op likernôch trettjinhûndert jier âld. It binne gjin ferfalskings, wy hawwe de analyzes withoefaak werhelle. Sjoen de boaiemlaach dêr’t wy dit guod yn fûn hawwe, is it wis dat it nei de oerwinning yn 689 troch de Friezen op it slachfjild benefterlitten is.’

––‘It lykje gewearen, dat hja dy doe ek al hiene.’

––‘Sokken ha we nea earder fûn. It binne mitrailleurs.’

De kening hold in momint op fan sykheljen en it duorre efkes foar’t er wer wat sizze koe.

––‘Dus mei dizze fynst wurdt de archeology op ’e kop setten. Hja koene doe mear as dat wy ea tocht hawwe. Dat ferklearret dan ek….’ Hy makke syn sin net ôf omdat de archeolooch stie te skodholjen en in ridlik geef eksimplaar opkrige. Boppe op ’e loop wie noch krekt te lêzen: Made in Winchester, 2005.

––‘Dit jier makke, mar dochs leit it hjir al sa lang. Guon searjenûmers dy’t we ûntsiferje koene, binne hja sels noch net iens oan ta, by dat fabryk. Dat ha ’k neifrege. Dit type sjitark is hjoed-de-dei it nijste fan it nijste, dat dêr koene je doedestiids wol in kriich mei winne.’

De kening seach Hilarides ferbaldere oan, mar dy luts oan de skouders: ‘Ik weagje my net oan in ferklearring. Ik ha in goeie namme te ferliezen. Dit is klearebarre science-fiction. Dêr wol ik myn hannen net oan barne.’

Swijend leine se tegearre de barten wer oer de kûle. De kening sei dat er hastich wie en gjin tiid mear hie foar in bakje en dat Hilarides dit noch mar even stil hâlde moast, oant der mear klearrichheid kommen wie. Doe joech er him gau ôf.

Ien kear yn de auto koe er him net langer ynhâlde en begûn er breedút te laitsjen en efkes letter, op de grutte dyk, klaksonearre er sels in pear kear. Hy plakte him gau de snor wer op doe’t it gefolch fan dit leven wie dat de oare ferkearsdielnimmers wakker by him yn de auto opseagen.

––‘Nynke, fanke, dit is my wat.’

––‘Och heden, baas. Wat is der?’

––‘Neat, of winliken in hiele protte, mar neat om dy ûngerêst oer te meitsjen. Krekt oarsom. Och, fanke. It wie foar dyn tiid, mar yn myn jonge jierren sjoude ik de doar plat by de psychiater, omdat ik my altyd sa’n sokses fielde yn ferliking mei myn foarfaars; omdat ik tocht dat in kening op ’e drompel fan de ienentweintichste iuw neat mear te betsjutten hie. Ik fielde my altyd it lytst by it stânbyld fan Redbad I. En wat docht no bliken? Hy hie it sûnder my net oprêden by de Slach! De belêstingbeteller hie it jild foar myn sielkniper yn ’e bûse hâlde kinnen, want ik bin wól wichtich foar it Ryk, noch wichtiger as Redbad, dy’t it sûnder my net ôf koe. Wat is dit moai! Ik ha myn missy noch nea sa klear foar eagen hân.’

––‘Jo hawwe mei Hilarides ien nommen, tink en doe noch ien?’

––‘Gjin drip, famke. Ik bin mei rjocht en reden út ’e skroeven. Ik lis it dy moarn wol út. Wolst no de hear Wytse Dykstra, útfiner te Dronryp, foar my skilje? Sis mar gewoan dat ik it bin. O, en sis de Foarste Minister mar ôf, foar dy wipwap fan him ha ’k moarn gjin tiid.’

Efkes letter wie it: ‘J-jins Heechheid. Samar ynienen.’

––‘Ja, dat komt, ik wol wolris in demonstraasje sjen fan jo útfining.’

––‘Foarearst hat dy ynspekteur fan de Tsjinst Ynlânske Feiligens my it tiidreizgjen ferbean, omdat dat rare gefolgen ha kin. Feroarings yn it ferline dy’t harren wjerslach hawwe op it no, dat soarte saken.’

––‘En dêr hie dy bêste ynspekteur gelyk oan. Mar it docht ynienen bliken dat de wrâld der hjoed oan de dei sa hinne leit as gefólch fán in feroaring yn it ferline. Dêrtroch hat de skiednis in oar paad nommen, om sa mar te sizzen. En dat is bewurkmastere mei ark út ús tiid! Dêr ha ’k út konkludearre dat wy séls dy feroaring oanbrocht hawwe, eh, oanbringe sille, no ja, ik kom deryn om. Mar ik woe mar sizze, wy moatte dat perfoarst dwaan, want it oarspronklike paad fan de skiednis noasket my folle minder. Dat ik kom moarn daliks del om jo tiidmasine te besjen. Want ik moat ’m skielk brûke om de Slach te winnen, ik bedoel om derfoar te soargjen dat wy doedestiids de Slach winne koene, at jo my noch neikomme kinne.’

De histoaryske ymplikaasjes hiene de kening sa yn ’e besnijing dat syn auto wer oan it slingerjen rekke. Doe’t er ynienen op de flechtstripe bedarre, waard er wyt om ’e holle. De fierdere reis ried er foarsichtiger as dat er ea earder dien hie.

septimber 11, 2018 09:30
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eibert septimber 12, 20:24

    FOAR NANNE HOEKSTRA

    Ja, dat is sa wol in moai ferhaal fansels, mar it is dreamerij. It makket wol wat dúdlik, te witten, dat de minne posysje fan it frysk feroarsake wurdt troch diskriminaasje. En it is noch folle slimmer as dat Nanne it hjir foarsteld. As de Franken fryslân net ferovere hienen, hie dit lân no noch Fryslân hiten en soe it frankyske dialekt dat hja no ‘Nederlands’ neame net bestien hawwe! Nederlanders binne Friezen ek al wolle se dat leaver net wêze, hoe komt dat?

    Myn fraach is dan eins, hoe is it mooglik dat in hiel folk sa harsensspield en yndoktrinearre is, dat it syn eigen folkswêzen ferleagenet, syn ôffaars minachtet en him mei in oanleard ‘allochtoondialekt’ besiket boppe it eigen folk te ferheffen en dêr op delsjocht as in twadderangs folk mei in twadderangs taaltsje, dat men eins gjin ‘echte’ nederlanders neame kin.

    Hoe kin it dat der yn de nederlânske ‘vaderlandsche geschiedenis’ gjin goed wurd oer frysk of friezen foarkomt. Sa kinne jo noch in hiel skoft troch gean, mar it antwurd is tink ik;

    TROCH OPSETLIKE EN BEWUSTE DISKRIMINAASJE FAN ALLES DAT FRYSK IS
    troch regear, tsjerke, skoalle, parse en maatskippij.

    En sa lang as we dat net sizze en oanwize en bestride doarre, sille we allinne mar mear achterútbuorkje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.