In aparte skiednis (3)

septimber 10, 2018 09:30 Fernijd

Ferhaal fan Nanne Hoekstra

It earste en twadde part fan dit ferhaal publisearren wy earjuster, resp. juster. Dy binne werom te finen troch te klikken op Ferdivedaasje\sprekwiis, kreative bydragen. Moarn folget it fjirde en lêste part. Redaksje

Paadwizers

Wylst se ôfdwaalden nei hieltyd minder besibbe tema’s, begûn de kening wat te slûgjen, oant der in lêzing kaam fan in skiedkundige, dy’t wiidweidich yngie op de ‘linguïstyske gefolgen fan histoaryske ûntjouwings’. Gjin jargon dat de kening normaalwei wurdearje koe, mar hy harke, wekker skrille, mei sân pear earen doe’t ferteld waard dat de wittenskip der hjoed-de-dei hieltyd minder by koe dat it, yn ferhâlding lytse, Fryske keninkryk yn de iere midsiuwen net opslokt wie troch it machtige Frankyske ryk. As dat doedestiids wol bard wie, hie op ’t heden it Hollânsk – nei alle gedachten – de wichtichste taal fan it lân west.

––Lykas frij algemien bekend hie de Slach by Doarestêd yn 689 it kearpunt west yn ’e striid tusken de beide riken. Mar frjemdgenôch joegen alle sosjaal-ekonomyske en histoarysk-geografyske analyzes oan dat de Frankyske hofmeier Pippyn II dy slach winne moatten hie. En net de Fryske Redbad I. De wittenskippers sochten al jierren nei feiten dy’t mear ljocht op de saak smite koene. De ynlieder makke fan ’e gelegenheid gebrûk om de kening te freegjen oft hy de famylje-argiven op de foarâlderlike keningsstate yn Winaam net ris rieplachtsje mocht. Dêr waard de foarst sichtber kjel fan en hy sei dat hy de stikken út dy tiid krekt nochris trochblêde hie, mar dat er neat oer dat ûnderwerp oantroffen hie. It wiene ommers ek net sokke skriuwers, dy âlde Friezen.

––Doe brocht de kening it petear wer handich werom op de hjoeddeistige taalperikels, mar dêrnei wie er wat dimmen en like er net hielendal mear mei de holle by de diskusje te wêzen.

––Op it lêst sei er dat de sekken mei jild op wiene, mar dat er dochs nochris sjen soe oft er net noch earne in kladsje fine koe en doe joech er him ôf. Yn de auto rekke er sa alhiel wei yn syn tinzen dat, doe’t in skoft letter de telefoan gie, hy it ding earst in kear as tsien oergien liet foar’t er it foar it ferstân krige te reagearjen.

––‘Wêr binne jo no?’

––‘Nynke, fanke, al slachst my dea, dy hurdridersdiken lykje allegear opinoar. Stil ris, ik sjoch it al. Ik sit op de ôfbûchstripe nei Doarestêd. En wat sei Hilarides?’

––‘Hy wachtet op jo yn Wyk. Wyk by Doarestêd, folút. Mar hjoed-de-dei leit it yn ’e útbuorren fan dy stêd. Wyk is in wyk wurden, om sa mar ris te sizzen.’

––‘Leit it op ’e igge fan de rivier?’

––‘Ik wol ’t al leauwe.’

–– ‘Moai, dan kin ’k sachs ris besykje om noch in hoart wat fan it skûtsjesilen te sjen.’

––‘Dat sil net slagje, want it silen op ’e Rien hat al west. It is no op ’e Easterskilde, foar Sjirksee. Hja binne krekt úteinset en it skûtsje fan Dimter leit foaroan.’

––‘Dêrjinsen sjoch ik de wolkejokkers fan Doarestêd al. Dy ken ik der wol út. Dy binne sneins altyd op it fiersjenner, yn dy plysjerige.’

–– ‘Jo bekendheid mei jo ryksdielen oare kant Sudersee falt my wilens oars wakker ôf.’

–– ‘O, en hjir stiet Wyk op it boerd. Hiest noch wat? Want ik bin der omtrint.’

–– ‘Nee, no ja, wy ha tynge krigen út Berlyn fan de Foarste Minister. Ik lês it elektrobrief efkes foar. Wy hoege der net op te rekkenjen dat we ringen by de Europeeske Uny komme kinne. It is misbeteard troch ús brekfallige minderhedebelied en ús demokratyske defisjinsje; dy arguminten wurde troch de lidsteaten as ekskús brûkt om ús dizze fearnsiuw noch bûtendoar te hâlden. Lykas ik jo al foarsein hie brekt de iensidige oriïntaasje op de ekonomy ús dus no raar op. Men kin fan tinken wol ha dat it fan krêft bliuwen fan de hannelsopkearings op dit stuit, no’t it Ryk finansjeel sa yn de nederklits sit, striemin is foar ús…..’

––‘Hâld mar op! It is altyd itselde geëamel. Roasterje him mar yn foar moarnier. Mar net foar de kofje!’

––De auto hold stil foar it stek fan in grutte opgraving en in grouwe man yn in overall, mei op it boarst de tekst ‘Ryksargeolooch’, rûn mei útstutsen hannen op ’e kening ôf.

––‘Goemiddei, Hilarides. Ik bin bliid dat jo de fanfare thús litten ha.’

––‘Goemiddei, kening. Ja, jo siktaresse hie my warskôge dat jo ynkognito wiene. En dat is ek mar goed, want wy moatte it earst mar ris efkes rêstich oer ús fynst hawwe, sûnder de media derby.’

––‘Ja, is it wier sa ûntheisterjend? Stomtafallich hie ’k fan ’e moarn in gearkomste dêr’t de Slach by Doarestêd ek op it aljemint kaam. It kearpunt yn de striid en in kaaimomint yn de histoarje. At Redbad de Earste hjir de Franken doe net opkeard hie, hie der nei alle gedachten no net in Frysk Keninkryk west. Mar hja snappe hjoed-de-dei net mear hoe’t er him dat lapt hat.’

––‘No, dat riedsel is no wol útiten, der komt allinnich in noch folle grutter mystearje foar yn it plak. Mar kom earst mar ris mei.’

septimber 10, 2018 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*