In aparte skiednis (2)

septimber 9, 2018 07:00

Resint ferskynd

Ferhaal fan Nanne Hoekstra

It earste part fan dit ferhaal publisearren wy juster. Dat is werom te finen troch te klikken op Ferdivedaasje\sprekwiis, kreative bydragen. It tredde en fjirde part folgje moarn en oaremoarn. Redaksje

Paadbjuster

Tsjerk luts senuweftich oan ’e hierren fan ’e snor. ‘Grapmakkerij mei dy nifelder ha ’k no net oan tiid. Ik wol witte wêrsanne ik hinne moat.’

Nynke lake. ‘Dy fraach hie ’k al ferwachte. Dat komt trochdat Swieten net sa grut is. It is in gea tusken Swietemar en Swietewâld. Dy plakken binne grutter, dat dy sille wol op ’e buorden stean.’

–– ‘Nee, hear.’

–– ‘Wat stiet der dan wol op?’

–– ‘No, ik bin krekt wer in boerd foarby. In nuvere namme dy’t begûn mei in Set.’

–– ‘Och, wat binne wy ek oksen. Dy grietenij hat ommers Hollânske plaknammen. Hja ha daliks de nammen feroare nei’t jo de nije taalwet ferline jier ûndertekene hiene. Dat, wachtsje ris efkes, dan hjitte dy plakken fan, eh, Soetermeer en Soeterwoude. Mar dan mei in Z fansels.’

–– ‘Ja, Soetermeer, hjir stiet it wer. Wat binne dat ek foar healwize nammen? It liket der ommers net op.’

–– ‘No, at jo sa prate, dan komme jo aanst mei dat petear neat fierder, ha ’k noed.’

Tsjerk parkearre de auto al rillegau by in gebouke, sette him de bril en de prûk ôf en skuorde doe de snor en it burd derôf, dat it wie in hiel oare man dy’t efkes letter it sealtsje ynrûn.

Om in grutte tafel sieten dêr tolve deftige hearen en dames dy’t drok yn petear wiene, mar daliks stilfoelen doe’t hy deryn kaam. De measte oanwêzigen sprongen feralterearre oerein, mar bleaune doe wat sleau stean te sjen. Tsjerk naam sels it wurd mar.

–– ‘Goemoarn. Jim hiene mý net ferwachte, tink? Ja sjoch, de Minister fan Ynlânske Saken wie ynienen behindere en ik moast dochs dit út foar in oar boadskip en ik folgje jim krewearjen al in skoftke mei niget, dat sadwaande. Mar gean dochs sitten.’

It selskip liet him op de stuollen sakje, mar gappe him noch hieltyd ferstuivere oan en sei neat.

–– ‘Jim dogge my wer tinken oan de steatsbesite fan de kening fan Ingelân, okkerwyks. Hy krige ynienen in tik by it each doe’t ik troch de Asega neffens it protokol Tsjerk Hiddes XXVII neamd waard. Sjoch, ús buorkening is sels noch net iens oan de dûbele sifers ta. En doe’t er letter in pear bearenburchjes hân hie, fernaam ik wol dat er o sa oergeunstich wie, omdat it Fryske keningshûs withoefolle âlder is as harres. Mar ik sei tsjin him dat it wier net tafalt om de hûndertnjoggenentritichste Fryske kening te wêzen. Nei safolle is der ommers neat bysûnders mear oan en men moat jimmeroan mar opbokse tsjin al dy wrâldferneamde foargongers. No, dêr knapte er suver fan op.’

De anekdoate bruts it iis wat, de manlju en froulju begûnen in bytsje foarsichtich te laitsjen en de kening stuts harren de hân ta. Nei it fûstkjen sei de kening dat er wol ta wie oan in bakje, dat der waard earst noch even wat yngetten, mar doe sette ien fan de pommeranten – in ferneamd folksfertsjintwurdiger – útein:

–– ‘It Frysk is yn de iuw dy’t efter ús leit troch ûntjouwings op it mêd fan ûnderwiis, massakommunikaasje en demografy sa oerhearskjend wurden, dat it Hollânsk sawol kwantitatyf as kwalitatyf o sa achterútbuorket. De situaasje is no sadanich dat wy freezje moatte dat it Hollânsk oer tweintich jier op strjitte kwealik noch mear te hearren wêze sil meidat it tebekkrongen is nei hûs en hiem. Dat wol sizze: in tige beheind tal huzen en hiemen. Ut resint ûndersyk docht nammentlik bliken dat, troch it grutte tal houliken fan Hollânsktaligen mei Frysktaligen – en de kar yn dy hûshâldings foar de taal mei de heechste status – it Hollânsk hjoed-de-dei troch noch mar njoggen persint fan de bern oant tolve jier praat wurdt. Yn dit ramt…..’

De kening, dy’t seach as koe er it bestjoerlike jargon kwealik neikomme en ek wol bang like dat de man fuortendaliks noch net klear wie mei syn rede, stuts de hân omheech om der in ein oan te meitsjen.

–– ‘Dat wit ik allegearre wol, mar wy dogge dochs al witwat om jimme taaltsje fuort te sterkjen en mear oansjen te jaan. De offisjele namme fan de provinsje is no al Holland, der is in regionale rûnfûnkstjoerder yn de streektaal, der wurdt ûnderwiis yn jûn en it stiet jim frij it Hollânsk te brûken sa lang at dat de kommunikaasje net behinderet, safier is ’t hinne. Ik waard niiskrekt noch oanholden troch in plysje, dy’t my yn it Hollânsk te wurd stie. Alteast, oant er derefter kaam wa’t ik wie. No, it wie wolris wat dreech him te folgjen, mar tegearre kamen wy der wol út.’

In taalkundige naam doe it wurd.

–– ‘It sil Jins Heechheid miskien net opfallen wêze, mar de kâns is grut dat it net suver Hollânsk wie, dat er prate, mar in nuvere grienmank fan de beide talen. At ik der by west hie, hie ik jo grif wol wize kinnen op in tal ynterferinsjes. De Hollanners fan hjoed-de-dei nimme klanken, wurden, tiidwurdsferbûgings en sels wurdfolchoarders oer út it Frysk. Dy beynfloedings ha fan dy gefolgen dat sa njonkelytsen it hiele grammatikale fûnemint fan de Hollânske taal oanfretten wurdt troch…..’

De kening besocht in ein te meitsjen oan it kolleezje.

–– ‘Mar prefester, dat dogge dy minsken dochs sels? Wat kin ík dêr oan dwaan?’

It like wol as hiene de oanwêzigen op dy fraach wachte, want ynienen kamen de oanrikkemendaasjes fan alle kanten.

–– ‘De taalûnderwizers better opliede’, sei de ien; ‘mear oeren foar it fak Hollânsk’, tocht in oar, ‘de doelstellings fan it fak ferheegje’, sei noch in oar, wylst wer in oar fan betinken wie dat de oerheid de taal mear brûke moast om de status derfan te ferheegjen. En fierder waard neamd: it foarljochtsjen fan jonge âlders oer de kolossale foardielen fan in twatalige opfieding, it stypjen fan it printe Hollânsk, mear stjoertiid foar Omroep Holland en it ekonomysk oantreklik meitsjen fan it brûken fan de taal.

De kening makke in patetysk gebeart.

–– ‘Hâld op! Safolle brekme oan ienriedigens kin ik net ferneare. At jim it sels net iens witte, hoe kin ík dan bepale wat kant oft it út moat? Mar ik fyn al, it omtinken foar jim dialekt moat wol yn ferhâlding bliuwe ta de wichtige saken. Oan de oare kant fan de Ie fersteane de lju al gjin Hollânsk mear en fierder as de Rien komme jim der ek net mei. Sjoch, it is aardich om sa’n taaltsje te bewarjen, dat tinkt my ek wol, mar de minsken moatte it úteinlik dochs sels dwaan en it moat it Ryk net te folle kostje.’

No begûn it hiele omsittend laach trochinoar te roppen. De earder neamde njoggen persint kaam wer op it aljemint, mar it die bliken dat de oanwêzige wittenskippers fan miening ferskilden oer de ynterpretaasje fan dat sifer en dêrtroch ûntstie in fûleinige diskusje oer it oantal jierren dat it Hollânsk noch oerlibje koe.

 

septimber 9, 2018 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.