Iepen dei Buismanskoai Gytsjerk giet net troch

septimber 26, 2018 08:10

Hoarnbij. Foto © Dico de Klein /It Fryske Gea

It Fryske Gea soe op 7 oktober in iepen dei hâlde by de Buismanskoai by Gytsjerk, mar dy kin net trochgean trochdat oan it kuierpaad in pear ealjebijenêsten blike te sitten.

It giet om in nêst fan de hoarnbij (Vespa crabo) en ien fan de gewoane ealjebij (Vespa vulgaris). De hoarnbij, mei syn maksimum lingte fan 3,5 sm, is de grutste ealjebij-eftige dy’t yn Nederlân foarkomt. Nettsjinsteande dat er sa grut is en lûd gûnzet, is it lang net sa’n agressyf ynsekst as oare ealjebij-eftigen, mar it nêst is yn it koaihúske boud. Dêr komme de kuierders krekt lâns. It Fryske Gea is fan betinken dat soks foar sawol de minsken as de ealjebijen net noflik is en dat it better is en lit de iepen dei dizze kear net trochgean.

Ealjebijen sykje alle jierren in oar plak foar harren nêsten, dat de kâns is grut dat takomme jier by in iepen dei de ymposante nêsten, mar dan leech, besjoen wurde kinme. Sokke nêste wurde boud fan kôge hout.

septimber 26, 2018 08:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.