Hûn beskermet ferwûne frou tsjin ambulânsepersoniel

septimber 16, 2018 09:37

Foto: pixabay.com

In beskermjende hûn hat der justerjûn ta laat dat syn ferwûne bazin net fuortdaliks holpen wurde koe oan har ferwûnings. De frou lei yn Bladel mei in wûne oan ’e holle en út de tiid op ’e dyk, mar de hûn liet de helpferlieners net by har komme.

De frou waard fûn op de Varkensmarkt. Om it ambulânsepersoniel harren wurk dwaan te litten, besochten plysjes de hûn wei te lokjen, mar dat slagge net. Uteinlik slagge in plysje deryn om in strop om de hals fan de hûn te dwaan en him by de frou wei te lûken. Hja wie noch út de tiid doe’t se meinommen waard yn in ambulânse. Wêrtroch’t se ferwûne rekke is, is net dúdlik. De hûn is werombrocht nei de wente fan de frou.

septimber 16, 2018 09:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.