Grut opsette Bach-dei yn Grou

septimber 10, 2018 07:53

Sneon 29 septimber 2018 wurdt yn Grou in unyk muzikaal evenemint organisearre: ‘de BACH-dag’. Op alderhande lokaasjes kinne minsken yn ’e kunde komme mei de wûndermoaie muzyk fan Johann Sebastian Bach (1685-1750). Net allinne yn tsjerken, mar ek yn húskeamers, kroegen, winkels en op ’e dyk.

De muzyk wurdt spile troch (lokale) profesjonele musisy, koaren, learlingen en ensembles. De dei wurdt om 13.00 oere iepene mei in konsert troch it profesjonele ensemble HetConsort3.0 yn de Sint-Pitertsjerke. Tusken 14.00 en 17.00 oere wurdt yn karrûselfoarm elke 20 minuten simultaan in konsert jûn op ferskate lokaasjes. Yn tsjerken, de âld-pastorij, op it Halbertsmaplein, by T&J yn de wenkeamer, yn B&B de Thúskeamer, yn café d’Oude Oost en sels op in skip dat dêrfoar de haven fan Grou oandocht. Dêr binne profesjonele musisy foar útnûge: twa pianisten, in harpist, in akkordeonist, in oargelist, fjouwer trompettisten en twa gitaristen. Der is ek in akkordeonorkest en it Mingd Koar Grou sjongt wurken fan Bach.

Njonken dat allegearre is der yn de Fermanje in iepen poadium: elkenien dy’t dat wol – learling, professional, solist, ensemble, jong of âld – kin dêr wat fan Bach hearre litte. Wea’t dêroan meidwaan wol kin him oanmelde fia sintpiterconcerten@gmail.com.

Tusken 17.00 en 19.30 oere hawwe de besikers alle gelegenheid om te genietsjen fan in flaubyt mei in slokje by de pleatslike hoarecagelegenheden. Ytkafee Amicaal en it Teehûs hawwe foar de gelegenheid de BACH-HAP op ’e kaart en de oan oare saken is frege om ek op de ien of oare wize omtinken oan de bysûndere dei te besteegjen.

Om 19.30 oere wurdt de dei ôfsletten mei Bachs Kaffeekantate. Dy wurdt útfierd mei in grut profesjoneel ensemble en de solisten Agnes van der Laar (sopraan), Roele Kok (bas) en Maarten Romkes (tenoar). De Kofjekantate is in minykomyske opera dy’t him ôfspilet yn de kroech, dêr’t in heit syn dochter beskrobbet omdat se kofje drinkt. Froulju hearre ommers tee te drinken! In prachtige ôfsluting fan in echt muzykfeest.

Foar € 15 kin men nei alle optredens, ynklusyf it iepenings- en slotkonsert. Mear ynformaasje of foar it reservearjen fan kaarten kin men terjochte op sintpiterconcerten@gmail.com of www.sintpiterconcerten.nl.

septimber 10, 2018 07:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.