Grinzer kulturele ambassade op it wetter yn Ljouwert

septimber 23, 2018 09:03

Sketsympresje Grinzer Kulturele Ambassade – foto CBKGroningen.nl

Sûnt 15 septimber hawwe de provinsje Grinslân en gemeente Grins – op útnûging fan LF2018 – in tydlike Kulturele Ambassade yn Ljouwert yn in bysûnder bouwurk op it wetter oan de Sudergrêftswâl. Dêr wurde ynformaasje en presintaasjes jûn oer keunstprojekten en aktiviteiten fan keunstynstellingen dy’t te krijen hawwe mei de tema’s wetter en wetterstof. It programma komt út ûnder koördinaasje fan it Centrum Beeldende Kunst (CBK) yn Grins. De ambassade bliuwt yn Ljouwert oant en mei 18 novimber 2018 

Seespegelstiging, wetterfersmoarging, enerzjytransysje, it binne aktuele maatskiplike ûnderwerpen dêr’t wetter en wetterstof in grutte rol by spylje. Keunstners dogge dêr ek ûndersyk nei en hawwe der nijsgjirrige fyzjes op. Dy binne te sjen yn ferskillende presintaasjes fan ûnder mear in ynstallaasje oer de funksje fan wetter yn de húshâlding, in ynstallaasje oanstjoerd troch wetterstof, in fideo fan in keunstner dy’t syn eigen eilân bout en in fideo-ynstallaasje oer in keunstner dy’t yn it wetter beweegt mei in tiger en in krokodil.

De presintaasjes wurde fersoarge troch de Bierumer School, it CBK Groningen, Academie Minerva, NAIP, NP3 en SIGN. Dielnimmende keunstners binne: Hannes Arvid Andersson, Annette Behrens, Paula Biemans, Katie Ceekay, Jan Pieter van den Bos, Evelina Domnitch & Dmitry Gelfand, Simon Haakmeester, Klaas Hendrik Hantschel, Eirik Jahnsen, Manja Kindt, Reinier Kranendonk, Antti Laitinen, Niels Post, Jessica Segall, Marit Westerhuis en Sigita Žurauskaitė.

Aktiviteiteprogramma
Neist eksposysjes is der yn it ambassadegebou ek in ferskaat oan aktiviteiten mei lêzingen, optredens. Spesjaal foar bern binne der yn de hjerstfakânsje workshops. It folsleine programma is op www.waterwaterstof.nl te finen. De ambassade is opboud mei Cubestees – grutte houten kubussen fan arsjitekteburo Onix yn gearwurking mei Rizoem – en is frij tagonklik oant en mei 18 novimber 2018 fan woansdei oant en mei snein fan 13.00 oant 17.00 oere.

septimber 23, 2018 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*