Griene Stjer Nederlân: Hoareka Stjer kriget duorsum suske

septimber 29, 2018 08:28

Koaitsje bewust en yt it ferskil – mei dat biedwurd lansearret Stichting Groene Ster Nederland yn septimber 2018 de Groene Sterren Awards, de duorsume fariant fan de bekende Horeca Ster.

Ofbylding: St. Groene Ster Nederland

Tinkt men oan biologysk, fegan, duorsum, Fairtrade, earlike fiskfangst en oan plakken dêr’t men genietsje kin fan in earlik miel, dan tinkt men oan Griene Stjer Nederlân. Troch it takennen fan ‘Griene Stjerren’ wol de stifting hoarekaûndernimmers motivearje en ynspirearje om in earlike en bewuste (produkt)kar te meitsjen op it mêd fan iten en miljeu. Tagelyk wolle se konsuminten ynformearje sadat sy ek in kar meitsje kinne foar in duorsume hoarekastek.

Duorsum libje en ‘puer’ genietsje is in trend. Nettsjinsteande dat dy positive ûntjouwing yn de Nederlânske hoarekabrânzje ek hieltyd mear trochfierd wurdt, is it noch net sa maklik om dêryn (online) de wei te finen. De konsumint tinkt faak foar in earlik gerjocht te kiezen, mar út de praktyk docht bliken dat dat lang net altyd sa útpakt.

Troch in nij en posityf prizesysteem dat werkenber is foar de konsumint en hoarekaûndernimmer, wol De Griene Stjer dêr feroaring yn bringe. De hoarekaûndernimmers wurde toetst op ferskate kritearia. Net allinnich biologysk/Fairtrade-produktgebrûk, mar ek in duorsume bedriuwsfiering. Tink oan ekologysk himmelguod, biologysk linnen, personielsbelied en ôffalbelied.

Alle nominearre restaurants wurde fermeld op de webside fan de Stichting Groene Ster Nederland (www.groenesternederland.nl), in platfoarm dêr’t konsuminten harren ‘griene ûnderfinings’ diele kinne en dêr’t hoarekabedriuwen in enkête ynfolje kinne om te toetsen oft se yn ’e beneaming komme foar griene stjerren.

Tagelyk mei de lansearring fan De Griene Stjer sil de WAY Guide publisearre wurde. In stoer foarmjûne gids dy’t de libbensgenieter it paad wiist nei in duorsume hoareka. Njonken de griene restaurants stean yn de WAY Guide artikels oer duorsumens en fraachpetearen mei ambassadeurs. Ien fan dy ambassadeurs is Floortje Dessing. Hja stipet it inisjatyf út har eigen oertsjûging wei. Duorsum ûndernimmen is neffens har nau ferbûn oan in súksesfol bedriuw.

septimber 29, 2018 08:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.