Gemeente Ljouwert tige neilittich mei Frysk Taalbelied

septimber 7, 2018 08:46

Ljouwert – De Ried fan de Fryske Beweging (RFFB) is fan betinken dat de gemeente Ljouwert de ôfspraken yn it ramt fan it taalbelied Frysk mei Ryk, Provinsje én de eigen ynwenners net goed neikomt. Op himsels is it posityf dat der war dien wurdt foar de sichtberens fan it Frysk, mar it budzjet foar de taal giet omleech, it oantal fte’s ek en boppedat is op wis 13 punten sprake fan in efterútgong yn it belied. Dat kin perfoarst net, fynt de RFFB en easket bystelling.

In pear foarbylden: yn de ‘âlde’ gemeenten Littenseradiel, Ljouwerteradiel mar ek yn Boarnsterhim wie it wenst dat de telefoan op it gemeentehûs (sintrale nûmer) yn it Frysk opnommen waard. By Ljouwert is dat allinnich mar yn it Nederlânsk. In fikse efterútgong foar de taalrjochten fan mear as 20.000 minsken. Yn Littenseradiel en Ljouwerteradiel waard ek (mei-)betelle foar materialen foar it fak Frysk op de basisskoalle, lykas Studio F. Yn Ljouwert net mear. Itselde foar it foarskoalsk ûnderwiis mei de sânglêsrige. Dêr is/sil Ljouwert mei ophâlde(-n). It Frysk as eask yn de oanbesteging foar de WMO, goed regele yn de âlde gemeente Ljouwert, stiet no ek net mear fermeld. En sa binne der noch tsien punten dy’t wol dien waarden yn de âlde gemeenten, mar no net mear. Dat is tige yn striid mei de oerienkomst dy’t tusken Ryk, Provinsje en weryndielingsgemeenten sletten is op 17 novimber 2017 en dy’t mei tekene is troch de gemeente Ljouwert sels.

It budzjet giet omleech fan sawat € 40.000 yn de ‘âlde’ gemeenten Ljouwert, Ljouwerteradiel en in part fan Littenseradiel nei mar € 15.000. Dat wie nota bene mei de ‘âlde gemeente Ljouwert’ ek noch € 35.000. De RFFB is ferbjustere dat der mar 0,1 fte (!) beskikber is om it belied út te fieren foar sa’n grutte gemeente mei mear as 120.000 ynwenners.

De RFFB giet der no fan út dat de gemeenteried fan Ljouwert troch moasjes en amendeminten it konsept-beliedsstik ferbetterje sil om der yn alle gefallen foar te soargjen dat de efterútgong net trochgiet. En it leafst fansels, op grûn fan de soarchplicht fan de Wet Gebrûk Fryske taal en neffens de yntinsjes fan de oerienkomst mei Ryk en Provinsje, fan in ferbettering fan de situaasje.

Lês it brief fan de RFFB oan de gemeenteried fan Ljouwert.

septimber 7, 2018 08:46
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jehannes Elzinga septimber 7, 15:18

    En as se net wolle, moatte we de gemeente Ljouwert mar in proses oandwaan. Ik soe wolris sjen wolle, oft we mei in berop op alle boppesteande juridyske arguminten net ús gelyk by de rjochter helje kinne.
    Men seit dat wy neat berikke kinne omdat byg. al dy Europese bepalingen gjin streekrjochte wurking hawwe soene yn it Nederlânske rjocht, mar nea besocht is altiten missketten!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.