Gedicht: Keatsbal

septimber 1, 2018 10:00 Fernijd

Keatsbal

Foto: Reinder Posthuma

Do lytse learen keatsersbal,
makkest mannich Fries alhiel oeral.
De opslach is de earste set.
Komt er wol yn it perk of net?

De keatsers stean mei kromme lea.
Meitsje we in keats of slaan we kwea?
De spanning stiicht, we sette ús teskoar,
’t is om ’e nocht, de bal is foar.

Dan op ’e nij, we krij’ de smaak.
De man foaryn, dy slacht omraak.
In bêst partoer, de minsken roppe
“Dy is raak”, de bal is boppe.

Opnij de spanning fan it spul.
Dit is al wat oars as ien – nul.
Twa grouwe keatsen lizze dêr.
No moatt’ de oaren mar ris wer.

Sa giet it spul fiif earsten lang
Op ’t lêst hinget alles oan ’e hang
De stilte is no om te snijen,
it giet derom de lêste twa te krijen.

De opslach stiet yn opperste konsintraasje
en slacht de bal mei folle faasje
nei d’ oare kant, mar ’t klinkt “Deruit”.
Hja ha de boel no raar ferbruid.

De oaren smite de pet omheech.
Dizze omloop wie ek dreech,
mar se ha de gouden klokjes wûn
en witte mar al te goed: de bal is rûn.

Reinder Posthuma, Wommels, 5-7-2001

septimber 1, 2018 10:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.