Gedicht: De Smoker

septimber 29, 2018 09:15

De Smoker

Foto: morguefile.com

Ik wie ien fan dy jonkjes út ’e klas
út in bûtendoarp fan It Hearrenfean.
Op it skouder myn âldfrinz’ge tas
en nimmen net seach my stean.

Oant ik begûn te smoken en te swetsen
yn de lyte fan ’e strúkjes by de Fan Kleffenslean.
Krige suver freonen en neat koe my ferlette
yn ’t skoft by waar en wyn dêr te stean.

Op in dei sei ús Heit: Do bist oan it smoken.
Ik tocht, wa hat dy âld man dat ferteld.
Fansels hie er dat oan myn klean roken.
It wie desimber, dêr stienen wy yn ’e kjeld.

Doe waard it fûnis útsprutsen,
heit syn azem kringele troch de nacht:
Ik haw mei dy ferslaving brutsen.
It hie my jierren yn ’e macht.

Ik sil it dy net ferbiede,
watsto net litte kinst moatst mar dwaan.
Myn gefoel en ferstân hawwe noch efkes striden.
Wat koe ’k oars as de piip oan Marten jaan?

Sander, Oerterp

septimber 29, 2018 09:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*