Fryske Sjongmiddei yn Ljouwert

septimber 25, 2018 16:05

Hjerstmis hâldt de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst altyd in sjongmiddei. Alle jierren op in oar plak. Dizze kear sil dat wêze yn Ljouwert, yn de Lutherske Tsjerke op sneintemiddei 30 septimber.

Der is in oantreklik programma gearstald mei in moaie ôfwikseling fan bekende en nije lieten, benammen út de psalmen en de farianten dêrfan. Lieten dy’t miskien op it earste gesicht net sa tagonklik lykje, krije troch de presintaasje bekendheid.

Omdat dizze sjongmiddei holden wurdt yn de iennige Lutherske tsjerke yn Fryslân komme ek in pear markante lieten út de âlde en de nije Lutherske tradysje oan bod. Fierder wurde in pear lieten songen dy’t fan Bernard Smilde in prachtige en sterke meldij meikrigen.

De presintaasje en de muzikale lieding binne yn hannen fan de musikolooch/komponist/koardirigint Geke Bruining-Visser, bekend as liedster fan de Ichthuskantorij en de Schola Liturgica yn Harns en de kantorij fan de Grutte Tsjerke yn Ljouwert.
Dizze middei wurket der in gelegenheidskoar mei en sil de oargelist Geart van der Heide it sjongen begeliede.

De middei begjint om 15.00 oere en is frij tagonklik, mei in kollekte by de útgong.
De Lutherske Tsjerke is yn de Nw. Oosterstraat, nûmer 28 – 30, fuort by de Easterbrêge oer de Eastergrêft.

septimber 25, 2018 16:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.