Fryske organisaasjes smite de lapen gear foar bioferskaatwiken

septimber 7, 2018 07:43

ôfbylding fan GEOlution

Under it mom fan ‘Biodiversiteit – de basis fan ús bestean’ bondelje fan 3 septimber oant 29 oktober provinsje Fryslân, gemeente Ljouwert, Kening fan ‘e Greide en Fryske Miljeu Federaasje de krêften om mear omtinken te freegjen foar bioferskaat.

Yn de hiele provinsje wurde de kommende wiken tal fan aktiviteiten en gearkomsten organisearre om de tema’s lânskip, lânbou en bioferskaat hinne. Dy wurde yn ien wurklist oersichtlik makke ûnder de namme ‘bioferskaatwiken’.

Nije kânsen sykje
Bioferskaat is in wichtich ûnderwerp. Belangryk genôch om de gearwurking oan te gean. It ferhaal giet oer it skralere bioferskaat en lânskip, mar ek oer nije kânsen foar ynwenners, bedriuwen, boeren en foar de natuer. Dêr sitte yn in soad gefallen ek kânsen yn as it giet om de transformaasje nei natuerynklusive lânbou.

Mienskiplike wurklist
Foar de bioferskaatwiken wurdt in mienskiplike aktiviteite-aginda makke. Wat bart wêr troch wa op it mêd fan bioferskaat yn de provinsje? Op de websiden fan de partners kin men op ’e hichte bliuwe fan al dy aktiviteiten.

Ferskaat yn oanbod
De aktiviteiten en gearkomsten dy’t yn de aginda komme binne tige ferskillend. Fan it Rasterhoff Festival op snein 9 septimber, oant it sympoasium Silence of the Bees en fan de Soil Food Week oant de Groenlunch fan de Fryske Miljeu Federaasje op 29 oktober. Alle nijs oer aktiviteiten, fan iepenbiere gearkomsten oant besletten sympoasia, wurdt buorkundich makke op it webstee fan de Fryske griene organisaasje.

septimber 7, 2018 07:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.