Fryske Beweging sprekt yn oer min Frysk taalbelied gemeente Ljouwert
Resint ferskynd
De Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB) ropt syn folgers út de Gemeente Ljouwert op om man/frou-machtich bywêzich te wêzen by it ‘Iepen Poadium’ (oerlis mei ynwenners), kommende woansdei 12 septimber fan 19.30 ôf, yn it Stedhûs, It Hofplein 38, Ljouwert.
Skriuwer fan de RfdFB, dr. Renze Valk, sels ynwenner fan Ljouwert, sil dêr ynsprekke oer it minne Taalbelied fan de (nije) Gemeente Ljouwert.
Sawol Omrop Fryslân, it Frysk Deiblêd as ItNijs.frl hawwe dêr de ôfrûne dagen al oer berjochte. De RfdFB is fan betinken dat de gemeente Ljouwert de ôfspraken yn it ramt fan it taalbelied Frysk mei Ryk, provinsje én de eigen ynwenners net goed neikomt.
Om dat stânpunt oer te bringen is it wichtich dat safolle as mooglik minsken dat mei harren bywêzichheid stypje. Kom allegear!
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje