Frysk Museum fiert fiifjierrich bestean oan Wilhelminaplein

septimber 16, 2018 09:26

It Frysk Museum fierde tongersdei 13 septimber syn earste lustrum oan it Wilhelminaplein. Krekt fiif jier lyn iepene it museum foar it earst syn doarren nei in ferhuzing fan de Turfmerk nei de hjoeddeiske lokaasje. Sûnt organisearre it museum 65 útstallings, wêrûnder trije grutte publykslûkers. Museumdirekteur Kris Callens snie tongersdeitemoarn tegearre mei Arjen Westra fan partner Aegon in grutte taart oan yn bywêzen fan personiel en frijwilligers. Besikers fan it museum waarden tongersdei traktearre op gebak.

Foto: Lucas Kemper/Frysk Museum

Freed 13 septimber 2013 iepene Keninginne Máxima it folslein nije Frysk Museum. Oanlieding foar de nijbou wie it legaat fan de Fryske arsjitekt Abe Bonnema, dy’t in bedrach fan achttjin miljoen euro neiliet foar in nij te bouwen Frysk Museum op of oan it Wilhelminaplein troch Hubert-Jan Henket yn gearwurking mei it eardere arsjitekteburo fan Abe Bonnema.

Besikers
Al yn it earste folsleine jier luts it museum goed 110.000 besikers, yn it rekôrjier 2016 waard it museum mar leafst 175.977 kear besocht. Op de âlde lokaasje wie dat yn trochsneed 50.000 kear jiers. Yn totaal luts it museum de ôfrûne fiif jier goed 830.000 besikers. It museum soarge dêrmei foar in ekonomyske ympuls foar de regio fan 21,8 miljoen euro. Mei in wiidweidich edukaasjeprogramma wist it museum 60.000 skoalbesites te realisearjen.

Grutte publykslûkers
Op 1 oktober 2016 iepene it museum de earste publykslûker yn oanrin nei Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. ‘Alma-Tadema, klassike ferlieding’ waard priizge yn de nasjonale en ynternasjonale parse en wûn de publykspriis by de Global Fine Arts Awarts yn New York. Op 13 oktober 2017, krekt hûndert jier nei har dea, presintearre it Frysk Museum de grutste Mata Hari-útstalling ea. ‘Mata Hari: de myte en it famke’ koe rekkenje op in protte omtinken en waard troch it Museumtydskrift nominearre foar de titel ‘Utstalling fan it jier 2017’. Op it stuit is yn it museum ‘Escher op Reis’ te sjen. De NRC joech de ‘prachtige eksposysje’ fiif stjerren en neamde de útstalling ‘bjusterbaarlik moai apart set’. De BBC kroane Escher op reis ta ‘it artistike hichtepunt fan Kulturele Haadstêd’.

2019
Fan 24 novimber 2018 ôf presintearret it museum ‘Rembrandt & Saskia: Leafde yn ’e Gouden Iuw’. Yn de útstalling foarmet it houlik fan Rembrandt van Rijn en de Fryske Saskia van Uylenburgh de reade tried. Oan ’e hân fan it spantsje ûntdekt de besiker hoe’t it deroan tagie yn in societyhoulik yn de santjinde iuw. De ústalling foarmet de prelude fan it temajier Rembrandt en de Gouden Iuw yn 2019. Yn febrewaris iepenet it museum boppedat in soloútstalling fan Éric Van Hove. De hjoeddeiske keunstner docht ûndersyk nei de betsjutting fan lokale ambachten yn in bot globalisearre wrâldekonomy. Yn ’e hjerst fan 2019 presintearret it Frysk Museum in kultuerhistoaryske útstalling oer Wytsingers.

septimber 16, 2018 09:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.