Frysk Museum ekstra iepen op tongersdeitejûn 13 septimber

septimber 11, 2018 16:25

Ta gelegenheid fan it earste lustrum fan it Frysk Museum is it tongersdei 13 septimber ektra iepen fan 19.00 oant 21.30 oere. Dat jout leafhawwers de gelegenheid om de populêre útstalling Escher op reis bûten iepeningstiden om te besjen. Der wurde ek nochris bysûndere aktiviteiten organisearre. It museum jout de rie om yntreekaarten foarôf online te bestellen. Dêrmei binne besikers wis fan tagong op de selswinske tiid.

Fanwegen de grutte belangstelling foar Escher is it museum noch oant ein fan de útstalling op 28 oktober elke dei iepen (mei útsûndering fan 8 oktober). Op moandeis is it museum fan 13.00 oant 17.00 oere iepen. Fan tiisdei oant en mei snein kin dat tusken 10.00 en 17.00 oere. Op tongersdei 13 septimber is it museum oerdeis ek gewoan iepen oant 17.00 oere.

Aktiviteiten
Besikers kinne yn de jûnsiepenstelling in tekenworkshop ‘optyske illúzjes’ folgje ûnder begelieding fan in museumdosint. Wa’t dat ynteressearret kin op elk momint oanskowe yn it atelier fan museum. Om 19.15, 19.50, 20.25 en 21.00 oere begjinne flitsrûnliedingen fan 15-25 minuten yn Phantom Limb en Escher op reis, wêryn ferskillende wurken taljochte wurde.

It ûneinich sykjen
Dyselde jûn wurdt Escher – it ûneinich sykjen útstjoerd om 22.55 oere op NPO2 yn Het Uur van de Wolf. De dokumintêre, dy’t koartlyn bekroane waard mei in Kristallen Film, fertelt it ferhaal fan M.C. Escher yn syn eigen wurden, sa’t hy dat opskreau yn brieven en deiboeken. De taskôger folget Escher op syn reizen troch Italië, Switserlân en Spanje en belibbet hoe’t er al puzeljend ta syn grutte wurken kaam. De grafikus fertelt oer syn fernuvering, syn eangsten, twivels en suksessen.

Utstalling
It Fries Museum hellet Maurits Cornelis Escher werom nei syn berteplak Ljouwert. Yn Escher op reis binne syn ûntwikkeling fan grafysk talint oant wrâldferneamd keunstner te folgjen. Mei mear as tachtich orizjinele printen, sa’n tweintich tekeningen en ferskate foto’s en dingen folget men it spoar fan de reislustige grafikus. De reis begjint yn it grauwe platte Nederlân en fiert nei de sinne en de bergen fan de Méditerranée. Eschers niget oan reizgjen blykt beskiedend west te hawwen foar syn artistike ûntwikkeling. De sketsen dy’t er yn Italië en Spanje makke, binne de ynspiraasje foar de topstikken dêr’t er jierren letter de werklikheid yn nei syn hân sette. De útstalling einiget mei dy ikoanyske wurken dy’t Escher sa bekend en dierber meitsje.

septimber 11, 2018 16:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*