Friezedei yn Brussel

septimber 6, 2018 19:51

troch Pier Bergsma

Op tiisdei 4 septimber waard yn Brussel foar de twadde kear in Friezedei holden, in minykongres oer Fryslân en it Frysk. It is in inisjatyf fan it provinsjaal bestjoer yn gearwurking mei Europeeske partners en sprekkers.

Wy wurde ûntfongen mei muzyk. Op it skerm in wikseljende fotopresintaasje fan Fryslân: kij, bearenburch, alvestêdetocht. Wy sitte yn de seal fan de Solvay biblioteek oan de Rue Belliard. It is in minút of tsien fytsen fan Brussel Centraal. It is in prachtige romte, fan oarsprong in lêsseal mei oan beide kanten boeken, dy’t hast oan it plafond ta rike. It gebou datearret út 1906 en stiet yn it Leopoldspark ticht by it Europeesk Parlemint.

Regionaal selsbestjoer oangeande de taal.

Nei in koart yntroduksjefilmke oer Lân fan Taal en de bou fan Obe wurdt it kongres om tsien oer seizen iepene troch ús kommissaris fan de Kening. Hy stiet wiidweidich stil by it sukses fan Kulturele Haadstêd 2018. Ljouwert is neffens him mei rjocht in Europeeske stêd wurden dêr’t hûnderttûzenen minsken har fermeitsje en fergapje oan alles wat der te belibjen en te sjen is. Yn ferbân mei it Frysk ûnderstreket Brok dat it gewoan is om meartalich te wêzen. Der binne ommers yn Europa wol sechtich meartalige regio’s. Dy meartaligens en kulturele ferskillen binne wichtich. Ien fan de konklúzjes fan ús kommissaris is dat men yn Europa oan de regio’s selsbestjoer jaan moatte soe oangeande de taal.

Sabine Ehrhart, de earste sprekster, wurket as heechlearaar yn Lúksemburch en docht ûndersyk nei migraasje en taal en se hat har dwaande holden mei lytse talen yn Súd-Amearika en hoe’t dy mûnling oerdroegen wurde. It is in útdaging om oplossingen te finen foar de problemen dy’t gearhingje mei al dy talen fan al dy minsken. Dy problemen binne net nij, minsken hawwe altyd al op reis west om earne oars in nij bestean op te bouwen. Dat sil sa bliuwe. Yn har wurden: “Mobility is our destiny”. En it mei-inoar libjen is net in tastân, mar in opjefte.

Ingbert Liebling, de twadde sprekker, is CDU-politikus yn Schleswig-Holstein. Hy wennet yn Flensburg. Se dogge dêr in soad om it Noard-Frysk te stypjen. It sil net maklik wêze om dy taal yn stân te hâlden. Der binne net folle sprekkers mear. Boppedat bestiet it Noard-Frysk net, it giet om in tsiental dialekten of talen dy’t ûnderling bot faninoar ferskille. Se jouwe yn Dútslân in soad omtinken oan talen fan minderheden lykas it Deensk, de Roma- en Sintitalen, it Nedersaksysk en it Frysk. Ik haw my net mei de diskusje ynlitten, oars hie ik sein dat it Frysk yn Dútslân yn de fierste fierten net liket op it Westerlauwersk Frysk dat wy prate. Dat wit lang net elkenien.

Brûk jo taal en wês der grutsk op.

Yn de “wrap up” – it hiele kongres wie yn it Ingelsk – kaam deputearre Sietske Poepjes oan it wurd. Se hie bearenburch en sûkerbôle meinommen foar de sprekkers en ornearre dat it just yn ús tiid wichtich is om in eigen taal en kultuer te hawwen. Ommers, jo hawwe wrâldwiid deselde winkels en oeral komme jo itselde tsjin. Dêrby soe it ek net ivich om jild gean moatte, mar oer de dingen dy’t fan wêzentlike wearde binne. Wy moatte net mear prate fan minderheidstalen – dat hellet sokke talen del – mar fan lytse talen. Se einige mei de oprop dat wy grutsk wêze moatte op ús taal en sei derby dat wy rekkenje kinne op de provinsje as it giet om it Frysk.

En dan noch dit: tuskentroch kaam der in frou út Baskelân dêr’t ik de namme fan kwyt bin, oan it wurd. Se stie net yn it programma en se oerlade ús yn in net te folgjen powerpoint mei siden mei fierstente folle ynformaasje oer wat se allegearre yn Baskelân berikt hat op it mêd fan de taal. Spitigernôch waard har gekeakel net ûnderbrutsen troch de foarsitster fan it kongres. Dat minsken harsels graach praten hearre, is in kwaal dy’t men mear tsjinkomt by kongressen. It gefolch wie dat it programma mear as in healoere útrûn en der te min tiid wie foar fragen en diskusje. Us eigen Europarlemintariër Jan Huitema kaam gelokkich wol oan it wurd as pannellid. Hy kaam ta de konklúzje dat hy just troch sa’n soad te reizgjen nammerste mear syn eigen Fryske identiteit wurdearre.

Omdat it sa útrûn, haw ik it optreden fan dichter Eeltsje Hettinga oan ’e ein foar it grutste part mist. Boppedat bleau der foar my te min tiid oer om wat te iten en te drinke nei ôfrin, want ik moast de lêste intercity trein helje dy’t al om tsien foar njoggenen nei Rotterdam gie. Soks is spitich. It is winsklik om foar in mooglik tredde Friezedei mear tiid te nimmen troch bygelyks earder te begjinnen.

 

 

septimber 6, 2018 19:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.