Fresku rapt yn Papiamentu yn nije projeksje Aldehou

septimber 20, 2018 16:26

Rjochtefrije foto fan Lânfantaal

Op freed 5 oktober giet yn Ljouwert om 20.00 oere de fjirde fideoprojeksje fan Lân fan taal op ‘e Aldehou yn premjêre. De meartalige audiofisuele produksje draacht de titel ‘1954 – We zijn er bijna’ en is makke troch muzyk- en wurdkollektyf VANTA, it nije media-kollektyf WERC en rapper Fresku. Sintraal steane it grutte tal talen út ús keninkryk. It Frysk, it Sranang Tongo, Ingelsk en Papiamentu falle dêr ek ûnder.

Yn ‘1954’ wurdt op grûn fan in spesifike histoaryske kontekst nei taal sjoen. Op 15 desimber 1954 tekene Keninginne Juliana it Statuut voor het Koninkrijk der Nederlanden. Suriname en de Nederlânske Antillen krigen dêrmei de status fan lân yn it Keninkryk. It karbrief wie in belofte om in lykweardige relaasje te ûntwikkeljen tusken wat earst oerhearsker en ûnderdrukte folken wiene. In lykweardige relaasje tusken minsken dy’t út op syn minst fiif ûnderskate talen wei de wrâld útlizze: Nederlânsk, Sranang Tongo (en wol tsien oare Surinaamske talen), Frysk, Papiamentu en Ingelsk.

Yn ‘1954’ rane âlde teksten fan de ûnderskate talen yninoar. Elke taal sjocht út in oar perspektyf wei nei de wrâld en brûkt  oare metafoaren en byldspraak. ‘1954’ stelt fragen oer de ôfrûne sechtich jier. Wêrom binne der noch safolle misferstannen? Wêrom is it net slagge om yn de konstellaasje fan 1954 troch te gean mei gearwurkjen? Hokker macht skûlet efter wurden?

Nij lûd, nije technyk
De fideoprojeksjes fan Lân fan taal, grut ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018, wurde hieltyd makke troch kombinaasjes fan wakker ûngelikense keunstners. Foar ‘1954’ wurkje VANTA, WERC en Fresku gear. VANTA bestiet út Vernon Chatlein (komponist/perkusjonist), Amber Nijman (sjongeres) en Juan-Carlos Goilo (spoken word artyst/teätermakker). It trio hat Karibyske woartels en mingt ritme, klank en wurden ta in nij lûd. Keunstnerskollektyf WERC út Grins bestiet út Joachim Rümke, Olav Huizer, Joachim de Vries en Jelle Valk. Karakteristyk is harren eksperimint mei nije media en technyk en harren fassinaasje foar de konneksje tusken de digitale en de fysike wrâld. Fresku, yn Eindhoven berne as Roy Michael Reymound, bruts yn 2008 troch. De bekende rapper is in echte ferhaleferteller, dy’t humor en iepenhertichheid kombinearret. Yn ‘1954’ sil er foar it earst yn it Papiamentu rappe.

Alle artysten trede by de premjêre live op. Der is in râneprogramma om ‘e projeksje hinne en op sneon 6 oktober is der in festival, programmearre troch Explore the North. Alle aktiviteiten op 5 en 6 oktober binne fergees tagonklik.

septimber 20, 2018 16:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.