Frâns Kuipers: politike draaierij

septimber 8, 2018 20:00

Kollum

As jo de lêste dagen it polityk nijs folgje, dan kinne jo fêststelle dat der in protte politike praatsjes ferkocht wurde. Der binne in soad politisy dy’t der goed yn binne om as in kat om de hjitte brij hinne te draaien. Sa kinne jo dat ek neame. It is dochs net te leauwen dat premier Mark Rutte mei drûge eagen beweare doar dat it útsetten fan de twa Armeenske bern Lili (12) en Howick (13) netsjes regele is? It is net te leauwen dat de Twadde Keamer dêr gjin stokje foar stekt en hingjen bliuwt yn ‘draaiende praatsjes’, dat Nederlân oars té oantrekkelik wurde soe foar ekonomyske flechtlingen. Politike draaierij!
Oanfolling: Beide bern meie dochs bliuwe. Op it momint dat dizze kollum skreaun waard, wie dat noch net bekend. Lokkich. It bernepardon moat ferbrede wurde. dat soe it bêste wêze. FK

Sa lêze, sjogge en hearre wy yn de media alderhande politike draaierij oer it wol of net ôfskaffen fan de dividindbelesting foar de grutte ynternasjonale bedriuwen lykas Unilever en Shell. Sawol rjochts as lofts, opposysje as koälysje, hie it ôfskaffen fan dividindbelesting net yn syn ferkiezingsprogram stean.  It is hast net út te lizzen. As politisy dy’t foar it ôfskaffen binne, deroer prate, dan hearre jo allinne mar om-de-hjitte-brij-hinnedraaierij. It is de Twadde Keamer net slagge om dat plan tsjin te hâlden. Mark Rutte kriget it laitsjend foarinoar, of  better skreaun: Unilever en Shell hawwe úteinlik de toutsjes yn hannen. Net te leauwen.

Ek net al te bêst is de politike draaierij om minister Stef Blok (VVD) hinne, dy’t yn in klupke diplomaten sein hat dat er gjin inkeld lân neame kin dêr’t de yntergraasje slagge is en dat Easterske lannen net ree binne om bûtenlânners op te nimmen. Hy krige applaus fan Wilders (PVV) en fan Theo Hiddema (FvD). Sa koe hiel Nederlân op ’e telefyzje sjen en hearre hoe’t Stef Blok, ûnder druk fan in ‘hymjende’ opposysje, yn ’e hoeke dreaun waard. Elkenien koe ek sjen en hearre hoe’t Buma (CDA), Seegers (CU) en Pechtold (D66) mei in grut omhaal fan wurden om de hjitte brij hinne draaiden. Om as minister fan Bûtenlânske Saken trochgean te kinnen, moast Stef Blok syn wurden ynlûke. Moast er sizze dat er de útsprutsen tekst yn de beheinde rûnte net miende. Slûksturtsjend en stammerjend sei Stef Blok dat er der neat fan miende doe’t er Suriname ‘a failed state’ neamde. De mislearre yntegraasje fan bûtenlanners yn de westerse lannen, hie er sa ek net bedoeld. Yntegraasje falt net altyd ta, hie er sizze moatten.

Al dy om-de-brij-hinnedraaierij hie en hat mar ien doel en dat is Rutte-III oerein te hâlden. It ‘gewoane’ kiezersfolk snapt soks net en de trochsneed politisy snappe op harren beurt net dat it gewoane folk gewoan dúdlikheid sjen en hearre wol en skjin syn nocht hat fan soksoarte fan draaierij.

Dan giet it yn Fryslân gâns better. Alteast sa liket it. Der is op it stuit net safolle politike brij dêr’t omhinne draaid wurde moat. It measte dat yn Fryslân spilet, wurdt troch reedlik oerlis oplost, of it moat al oer wynmûnen gean. Dan steane tsjinstanners fûl foar foarstanners oer en dan wolle politisy noch wolris in bytsje om de hjitte brij hinne draaie, lykas it yn ’e mjitte kommen fan tsjinstanners as it giet om de mûnen by Hiddum en Hou wat minder heech te krijen. Eardere deputearre Jan Ploeg kaam foarige wike, tegearre mei Jouke van der Zee, noch ien kear yn it gewear tsjin dy joekels fan wynmûnen, mar de Steaten joegen gjin sjoege. (Se komme der te stean, ek al binne se net nedich. Lês myn kollum yn It Nijs oer Sinne-asfalt).

In oar knyppunt is somtiden ús Fryske Taal. As it derop oankomt, wolle guon djipfriezen de koppen noch wolris tsjininoar oan knalle. It is dan in aardichheid om oer in ferskaat fan oplossingen te lêzen yn de media. Ek yn It Nijs, mar dat rint nea út op draaikonterij. Elkenien is dúdlik. Lês de kollums yn It Nijs der mar op nei en lês ek de (lêste) stikken fan Willem Verf, Peter Zijlstra, Tom Dykstra en oaren yn de Ljouwerter. Sietske Poepjes hat it der mar swier mei en sy docht o sa har bêst.

It steateseizoen moat noch begjinne. Yn de Steateseal komt grif wol wer in bytsje polityk skeel op tafel te lizzen dêr’t polityk omhinne draaid wurde kin. De steateferkiezingen fan 2019 binne op kommende wei. Alle politike partijen binne al wer drok oan de gong mei de kieslisten. De Fryske brij wurdt stadichoan opwaarme.

septimber 8, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Ekoed septimber 12, 16:59

    Frans, in fraagje: binne “it gewoane folk”en “it klootjes folk” deselde minsken die’t op dizze regearingspartijen stimt ha?? Dan kinne sy dat yn it ferfolch mar better neilitte!!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.